Mariehamn
Mariehamn (Finsk: Maarianhamina) is de haadstêd fan de Finske eilannegroep Ålân, dy’t yn de Eastsee tusken Sweden en Finlân leit. Ålân is in autonoom, demilitarisearre en ientalich Sweedsk gebiet.
Mariehamn | ||
Bestjoer | ||
Lân | Finlân | |
Regio | Ålân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 11.547 (2016) | |
Oerflak | 20,75 km² | |
Befolkingsticht. | 979 / km² | |
Hichte | 0 - 30 m | |
Oar | ||
Tiidsône | EET (UTC+2) | |
Simmertiid | EEST (UTC+3) | |
Offisjele webside | ||
www.mariehamn.ax |
Mariehamn hat in haven dêr’t fearboaten oanlizze dy’t tusken Stockholm en Turku of Helsinky farre. De fuotbalklup is IFK Mariehamn.
Sûnt 1990 is Mariehamn de thúshaven fan de eardere 'Jan Nieveen', yn earder tiden it flaggeskip fan de Lemmerboat, in skipfeartferbining oer de Iselmar tusken Amsterdam en De Lemmer. It skip, dat omdope is ta "F.P. von Knorring", docht no tsjinst as restaurant. Nammejouwer Frans Petter von Knorring wie in pleatslike pommerant út de 19e iuw dy’t him ynsette foar de ûntwikkeling fan Ålân en Mariehamn.
Demografy
bewurkje seksje- Untjouwing ynwennertal
Jier | Befolking |
---|---|
1987 | 9,966 |
1990 | 10,263 |
1997 | 10,408 |
2000 | 10,488 |
2002 | 10,632 |
2004 | 10,712 |
2006 | 10,824 |
2008 | 11,005 |
2009 | 11,123 |
2013 | 11,446 |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Mariehamn fan Wikimedia Commons. |