[go: up one dir, main page]

Maarn is in doarp yn de gemeente Utertske Heuvelrêch yn Utert, oan de foet fan de lykneamde Utertske Heuvelrêch yn it súdeasten fan de provinsje. De Utertske Heuvelrêch is tsjintwurdich in nasjonaal park. It doarp hat 4.765 ynwenners (2021).

Lokaasje fan Maarn yn de gemeente Utertske Heuvelrêch

Maarn wie oant 1 jannewaris 2006 in selsstannige gemeente, dêr't ek de kearn Maarsbergen ta hearde.

Maarn hat in bysûnder doarpsgesicht, it saneamde 'Túndoarp', yn 1921 is Túndoarp Maarn boud foar de arbeiders, dy't wurken yn de sânôfgraving fan de Nederlânske Spoarwegen. Dizze huzen binne relatyf lyts, mar hawwe wol in grut túnoerflak. Lykas yn in soad oare plakken yn Nederlân hie ek Maarn ít útgongspunt, dat de arbeiders neist harre lytse leanen fan NS, sels grienten ferbouwe moasten kinne yn harren eigen tún. Fandêr de beneaming 'Túndoarp'. Ten koste fan it bestjoer fan de wenningbouferiening 'Maarn' is yn 2003 nei in fûle striid mei de bewenners besluten om it 'Túndoarp' yn syn hjoeddeiske foarm te behâlden. De huzen dy't dêrnei leech komme troch ferrin wurde renovearre en oanpast oan de hjoeddeiske noarmen en foarskriften, sûnder dat it oansjen oantaaste wurdt. Omdat Maarn it lêste hielendal yntakt bleaune túndoarp is, is der sprake fan dat it opnomd wurdt op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. In befêstiging fan it unike doarpskarakter.

De lokale omrop Dorp en streek tv, is rjochte op Maarn, Maarsbergen, Renswoude, Scherpenzeel, Woudenberg, Rhenen en Elst.

Iepenbier ferfier

bewurkje seksje

Maarn hat in stasjon: Stasjon Maarn.

Bekende ynwenners

bewurkje seksje
 
Eardere riedhûs
 
Eardere riedhûs
 
Stasjon Maarn

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Utertske Heuvelrêch  
Doarpen:
AmerongenDoarnDriebergen-RijsenburgLeersumMaarnMaarsbergenOverberg
Buorskippen:
DarthuizenDriebergenRijsenburgSterkenburg
  ·   · Berjocht bewurkje