Lucht
Lucht is it mingsel fan gassen yn de ûnderste lage fan de atmosfear. Libbene dieren en minsken azemje lucht yn; planten azemje drekt mei de lucht dy't harren rekket.
Gearstalling
bewurkje seksjeDe lucht op ierde bestiet foar sa'n 78 fol.-% út stikstofgas en 21 fol.-% út soerstofgas. Njonken dat (oerbliuwende 1 vol.-%) hat lucht spoaren fan edelgassen, in sterk wikseljende poarsje wetterdamp (0,7 vol.-%), en koalsoergashalte, dat ek bot wikselje kin. Yn de bûtenlucht wie it persintaazje koolstofdiokside (of koalsoergas) ûnfear 0,03 vol.-%, yn in wenning kin dit, at der stookt of itensean wurdtfolle heger wêze. Sûnt de yndustriële revolúsje is de konsintraasje tanaam fan likernôch 0,03 fol.-% nei wilens mear as 0,04 fol.-% (ûngefear 401 ppmv). Dat hat laat ta it fersterkjen fan it broeikaseffekt op ierde.
De gearstalling fan de lucht ferskilt mei de hichte. Meidat stikstof (massagetal 14) lichter is as soerstof (massagetal 16) is der op gruttere hichte safolle soerstof net.