[go: up one dir, main page]

In legedrukgebiet of depresje is in gebiet dêr't de luchtdruk leger is as it gebiet deromhinne. In legedrukgebiet stiet foar in hegedrukgebiet oer, dêr't de luchtdruk krekt heech is.

In legedrukgebiet súdwestlik fan Yslân
Skematyske werjefte fan in legedrukgebiet

Troch de lege druk streamt de lucht nei it sintrum, as in spiraal troch wriuwing en de Korioliskrêft. De isobaren komme inoar dêr temjitte. De wyn yn in legedrukgebiet waait op it noardlik healrûn tsjin de klok yn en op it súdlik healrûn mei de klok mei. Troch it gearstreamen fan de lucht moat de lucht nei boppe ta útwike. Trochdat omheech geande lucht ôfkuollet, sil de loft by genôch fochtigens belûke mei mooglik delslach.

It symboal foar in legedrukgebiet is L dy't op de waarkaarten oanjout wêr't in legedrukgebiet is. It jout altyd de kearn fan in legedrukgebiet oan dêr't de luchtdruk it leechst is. Ek de fronten fan in legedrukgebiet wurde op de kaart oanjûn, om't dy min waar meibringe.

Depresjes ûntsteane yn it grinsgebiet tusken twa ferskillende luchtsoarten. By de 60e breedtegraad ûntstean gauris depresjes troch dat de atmosfearyske sirkulaasje de kâlde lucht fan de poal de waarme lucht fan de 30e breedtegraad temjitte komt. By de skieding fan de kâlde en waarme lucht ûntstean weagen dêr't de waarme lucht him yn de kâlde lucht by lûkt. In weach giet oer yn in kyl dêr't oan de foarkant in waarmtefront en oan de efterkant in kjeldfront by foarme wurdt. It kjeldfront ferpleatst him flugger as it waarmtefront, dêr't de luchtdruk yn de kearn flugger troch sakje sil. Op it plak dêr't it kjeldfront it waarmtefront ynhelle hat, ûntstiet in okklúzjefront. De depresje is dan folslein op it stuit dat dy trije fronten foarme binne.

De tsjinstellings yn temperatuer dy't yn de omkriten fan fronten foarkomme, kinne ta it foarmjen fan delslach, sa as rein, of buien liede. Efter in kjeldfront kin de luchtdruk tige tanimme, dêr't der hurde wyn troch ûntstiet. Flugge feroarings yn de luchtdruk barre hast altyd mank mei min waar.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: