[go: up one dir, main page]

Súdlik healrûn

Helte fan de Ierde dy't súdlik fan de evener leit

It súdlik healrûn is de helte fan in planeet dat súdlik fan de evener leit.

It súdlik healrûn sjoen fan boppe de súdpoal.

Op ierde lizze der twa kontininten hielendal op it súdlik healrûn, dat binne Austraalje en Antarktika. Dêrneist lizze parten fan Aazje, Súd-Amearika en Afrika ek op it súdlik healrûn. It meastepart fan it súdlik healrûn wurdt ynnaam troch oseanen. Yn fergelyk mei it noardlik healrûn is der in stik minder lân, mar in stik mear wetter, benammen yn de foarm fan oseanen. Op it súdlik healrûn wennet likernôch 10 persint fan de totale befolking op ierde.

Op it súdlik healrûn binne de seizoenen tsjinoersteld oan de seizoenen op it noardlik healrûn. De simmer begjint op it súdlik healrûn op 21 desimber en duorret oant 21 maart. Op 21 juny wurdt it winter op it súdlik healrûn, dizze duorret hjir oant 21 augustus.

Op it súdlik healrûn stiet de sinne middeis, útsein yn it gebiet tusken de stienbokskearkring en de evener as it simmer is, altyd yn it noarden. De sinne giet hjir fan rjochts nei links op in dei, in tsjinstelling ta it noardlik healrûn.

Troch it Koriolis Effekt waaie de winen yn sykloanen op it súdlik healrûn rjochtsom (mei de klok mei) en op it noardlik healrûn loftsom (tsjin de klok yn).

Op it noardlik healrûn kin de Poalstjer as oriïntaasje brûkt wurde. Op it súdlik healrûn is dizze stjer net te sjen. Wol binne der oare stjerren en stjerrebylden dy’t op it noardlik healrûn net sjoen wurde kinne.