[go: up one dir, main page]

Kreta (Gryksk: Κρήτη, Kriti), is in Gryksk eilân yn de Middellânske See. Tsjintwurdich wenje der om-ende-by 480.000 minsken. Op it eilân hat him yn de Aldheid in eigen kultuer ûntwikkele dêr't it hichtepunt fan lei tusken 2000 en 1400 f.Kr.

Kaart fan Kreta

It oerflak fan Kreta is goed 8300 km² grut. It eilân leit yn it suden fan de Egeyske See en foarmet de grins mei de Libyske See. It eilân is 260 km lang en de breedte rint útien fan 12 km (by Lerapetra) oant 60 km (tusken Dion en Lithinon). Kreta hat in tige berchich lânskip. Ferspraat op it eilân rinne in oantal lytse rivierkes dy't it meastepart fan it jier drûch steane.

De Kretensyske floara is útsûnderlik divers: der waakse wol 2170 soarten planten en blommen, dêr't 311 allinnich op it eilân foarkomme. By Kreta heare ek noch wat lytse eilannen, dêr't it wichtichste Gavdos fan is mei 29,6 km². De meast nijsgjirrige binne nei alle gedachten de súdeastlike eilantsjes Krissy en Koufonisy (4,8 km²), dy't net bewenne binne.

 
Agios Nikolaos

De grutste stêd op Kreta is Heraklion mei om-ende-by 145 tûzen ynwenners.

It eilân Kreta is ûntstien troch it oer elkoar hinne skowen fan Jeropeeske en Afrikaanske kontinintale platen op deselde wize as de Alpen en de Himalaya ûntstien binne. De âldste tekenen fan beskavings datearre út sawat 6500 f.Kr. doe't folken út Lyts-Aazje har op it eilân nei wenjen setten. Dat tiidrek stiet bekend as Neolitikum en einige likernôch 3000 f.Kr. Dêrnei kaam de Minoyske beskaving opsetten. Dy brocht goede seefarders, hannelers en lânbouwers fuort. Omdat sy sawat it hiele eastlike part fan de Midslânske See kontrolearren, hienen sy net te krijen mei fijannen. Dêrtroch koenen sy harren harren beskaving fier ûntwikkelje. De stêd Knossos wie nei alle gedachten in wichtich searemonieel en polityk sintrum. Om 1400 f.Kr. makke in allesferwoastende ierdskodding en fulkaanútbarsting (Thera).

Om 1000 f.Kr. lutsen folken fan 't it Grykske fêstelân nei Kreta en bruts de Doryske tiid oan. De 2500 jier dy't dêrop folgen wurde karakterisearre troch oanienskeakeling fan oarloggen. Efterinoar foelen Romeinen, Arabieren, Byzantinen, Feneesjers en Turken it eilân binnen. Under de Turkske oerhearsking, sûnt 1645 begûnen de Kretenzers in grutte ûnôfhinklikensstriid. Dy striid wie ynearsten frij beheind, mar late úteinlik ta de ûnôfhinklikens fan it eilân yn 1898. Yn 1913 waard Kreta opnommen yn it Keninkryk Grikelân.

Nijsgjirrichheden

bewurkje seksje

Op Kreta binne in soad archeologyske fynplakken.