[go: up one dir, main page]

Jesús Moncada Estruga (Mequinenza, 1 desimber 1941 - Barcelona, 13 juny 2005) wie in Spaansk skriuwer yn it Katalaansk.

Jesús Moncada.

Moncada wurdt Beskôge as ien fan 'e wichtichste Katalaanske auteurs fan syn tiid. Hy krige ferskate prizen foar syn oeuvre, ûnder mear de Premio Ciutat de Barcelona ("Priis fan 'e Stêd Barcelona") en de Premio Nacional de la Crítica ("Nasjonale Priis fan 'e Kritisy") yn 1989 foar Camí de Sirga ("It Jaachpaad"), en de Creu de Sant Jordi ("Krús fan Sint-Joaris"), útrikt troch de Generaliteit fan Kataloanje yn 2001. Yn 2004 waard him de Premio de las Letras Aragonesas ("Aragoneeske Literatuerpriis") takend, dy't er in pear moanne foar syn dea yn ûntfangst naam.

Moncada is ien fan 'e meast oersette auteurs yn 'e hjoeddeiske Katalaanske literatuer. Camí de Sirga is oerset yn fyftjin talen, wêrûnder it Japansk en it Fjetnameesk. Moncada hat ek tal fan wurken fan auteurs lykas Guillaume Apollinaire, Alexandre Dumas, Jules Verne en Boris Vian út it Spaansk, Frânsk en Ingelsk oerset nei it Katalaansk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.