[go: up one dir, main page]

HIV

(Trochferwiisd fan HIV-firus)

HIV, of it human immunodeficiency virus (Ingelsk foar "minsklik ymmunodefisjinsjefirus") is it firus dat ferantwurdlik is foar de sykte AIDS (acquired immunodeficiency syndrome, "oprûn ymmunodefisjinsjesyndroom"), dy't potinsjeel deadlik is by minsken. It is in fluch mutearjend retrofirus fan 'e subgroep fan 'e lentifirussen, dat oerdraachber is fia de measte lichemsfloeistoffen (mar net fia flibe), en dat it ymmúnsysteem fan 'e gasthear oantaast. HIV komt yn twa soarten foar: HIV-1 en HIV-2.

HIV
In sterk fergrutte byld fan HIV-1 (de griene kerlen) op in kweekte lymfosyt-sel.
In sterk fergrutte byld fan HIV-1 (de griene kerlen) op in kweekte lymfosyt-sel.
firustaksonomy
groep: groep VI (ssRNA-RT)
famylje: Retroviridae
ûnderfamylje: Orthoretrovirinae
skaai: Lentivirus
soarten
human immunodeficiency virus-1
human immunodeficiency virus-2

HIV komt út West- en Sintraal-Afrika wei, dêr't it syn oarsprong fynt by apen en minskapen, spesifyk de ruotmangabey (Cercocebus atys atys), de sjimpansee (Pan troglodytes) en de gorilla (Gorilla gorilla gorilla). It liket teminsten twa ûnderskate kearen de kleau tusken apen en minsken oerstutsen te wêzen: yn it gefal fan HIV-1 yn it gebiet fan Kameroen oant de Demokratyske Republyk Kongo, by de sjimpansee en de gorilla wei, en yn it gefal fan HIV-2 oan 'e Westafrikaanske kust fan Ivoarkust oant Senegal by de ruotmangabey wei. Der binne sterke oanwizings dat it firus dy oerstek meitsje kinnen hat troch de gewoante fan 'e Afrikaanske befolking fan it iten fan bushmeat yn 'e foarm fan apen en minskapen. HIV waard yn 1983 ûntdutsen by twa ferskillende ûndersiken nei de sykte AIDS, en yn 't earstoan LAV (lymphadenopathy-associated virus) en HTLV-I (human T-lymphotropic virus-I) neamd. Doe't bliken die dat it om itselde firus gie, waard yn 1986 de namme HIV betocht, wêrnei't de beide eardere beneamings ferdwûnen.

Fuortplantingssyklus

bewurkje seksje

De gp120-aaiwiten oan it oerflak fan HIV hechtsje har oan 'e CD4-reseptors fan 'e gasthearsel. Dêrtroch kin it RNA fan it firus yn 'e gasthearsel trochkringe. It firale ensym reverse-transkriptaze makket oan 'e hân fan dat RNA in DNA-string, dy't troch in oar firaal ensym, yntegraze, yn it DNA fan 'e gasthearsel ynboud wurdt. De replikaasje fan dat DNA kin sels al úteinsette ear't dy ynbou foltôge is. Yn sliepende CD4+-T-sellen kin it firus ek sliepe en sadwaande lange tiid ferburgen bliuwe. As it firus-DNA troch de gasthearsel lêzen wurdt, ûntsteane der nije firusdielen dy't har oan de selmembraan gearstalle, harsels ôfsnije fan 'e gasthearsel en dan oare, sûne sellen besmette kinne. As de gasthearsel aktivearre wurdt troch antygenen, sil er ynstee fan antylichemkes benammen nije firussen produsearje.

  De Wikipedy hat ek in side AIDS.

HIV feroarsaket AIDS trochdat it de CD4+-T-sellen oanfalt en ferneatiget Dat is in groep fan lymfositen (in spesjaal soarte wite bloedsellen) dy't ornaris it ymmúnstelsel koördinearret yn it gefal fan ynfeksjes. Op dy manear is it firus net allinnich by steat om himsels te fermannichfâldigjen, mar skeakelet it ek it meganisme út wêrmei't it lichem him tsjin alle patogenen beskermet.

Troch de sterke fermindering fan it tal CD4+-T-sellen ûntstiet in sitewaasje wêrby't oare sykteferwekkers, dêr't it ymmúnsysteem ornaris koarte metten mei makke hawwe soe, frij spul hawwe. HIV is op himsels net deadlik; it binne almeast saneamde opportunistyske ynfeksjes dêr't AIDS-pasjinten úteinlik oan komme te ferstjerren, om 'e ienfâldige reden dat sokke krupsjes net mear tsjinholden wurde troch it ymmúnstelsel. In protte AIDS-pasjinten ûnwikkelje fierder seldsume foarmen fan kanker, lykas kaposisarkoom, dy't normaal gjin kâns krije soene.

Sûnder behanneling is de libbensferwachting fan in minske dy't mei HIV ynfektearre rekke is, likernôch 9 oant 11 jier, ôfhinklik fan hokker soarte HIV as it om giet. Ynfeksje mei HIV kin oerdroegen wurde troch bloed, sperma, faginaal focht, foarfocht, otter en tate, mar net troch flibe of urine (mar wol troch urine dêr't foarfocht, faginaal focht, sperma of menstruaasjebloed trochhinne sit). Yn 'e neamde lichemsfloeistoffen komt HIV foar as frije firusdieltsjes, mar ek as ynfektearre ymmúnsellen. Yn 'e praktyk wurdt HIV faak fan persoan op persoan oerdroegen troch geslachtsferkear, bloedtransfúzjes en it gebrûk fan smoarge ynjeksjenullen. It is ien fan 'e gefaarlikste seksueel oerdraachbere oandwanings.

As immen bang is mei HIV besmet te wêzen, kin der, nei in ynfâldige bloedôfname, in laboratoariumûndersyk dien wurde. Dêrby besiket men de oanwêzigens oan te toanen fan HIV-antystoffen. Trije moannen nei de ynfeksje befettet it bloed nammentlik genôch fan dy antystoffen om in diagnoaze te stellen. Teffens wurdt der by sok ûndersyk socht nei HIV-RNA en wurdt sjoen nei de ferhâlding tusken CD4 en CD8-T-sellen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.