[go: up one dir, main page]

In garnizoen (fan it Aldfrânske garnison) is in militêre term foar in ûnbeskaat tal soldaten dat op in spesifyk plak legere is, tsjintwurdich meastal om't dat harren thúsbasis is. Foarhinne wie it lykwols yn 'e regel de bedoeling dat in garnizoen sa'n plak bewekke, itsij tsjin in eventuële oanfal fan fijannige troepen, itsij tsjin 'e opstannige befolking fan dat plak sels.

Yn it lêste gefal wie it de baas om derfoar te soargjen dat der sa min mooglik bannen tusken de soldaten fan it garnizoen en de befolking fan it garnizoensplak bestiene, en sadwaande waarden soldaten faak yn 'e frjemdte legere. Teffens moast men de ienheden dy't it garnizoen foarmen, teminsten om 'e pear jier rûlearje nei in oar garnizoensplak, om't se by langere stasjonearring op ien en itselde plak faak dochs bannen mei de pleatslike befolking ûntwikkelen.

Ekonomysk sjoen sil in garnizoensplak faak baat hân hawwe by de legering fan in garnizoen, dat ommers ek ite en drinke en him fermeitsje moast. Benammen de hoareka en bordelen fearen dêr wol by. As by in hommelse legering fan in garnizoen der gjin of in te lytse kazerne wie, kaam it foar dat soldaten by de boargerbefolking ynkertiere waarden. Dat woe sizze dat elts boargerhúshâlden ferplichte waard om ien of mear soldaten te húsfêstjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.