[go: up one dir, main page]

Dûmnylyster

(Trochferwiisd fan Dominylyster)

De dûmnylyster of dominylyster (Turdus torquatus) is in 25 sm grutte fûgel út de famylje fan de Lysterfûgels. Hy is hielendal swart lykas de Klyster, mar dochs goed te ûnderskieden troch de brede wite bân op syn boarst, dêr't er ek syn namme oan te tankjen hat.

dûmnylyster

mantsje
wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje lysterfûgels (Turdidae)
skaai lysters (Turdus)
soarte
Turdus torquatus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     trochtrekker


Oare Fryske nammen

bewurkje seksje

De dûmnylyster wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as beflyster, dominy, dominylyster, krânslyster as ringlyster.

 
Aaien fan 'e dûmnylyster.

Fersprieding

bewurkje seksje

De dûmnylyster komt selden foar yn Nederlân, en dan allinnich op trochtocht. Dûmnylysters briede yn 'e bergen , yn it noarden yn Skotlân en Skandinaavje, en ek yn de Alpen. Winterdeis trekke de fûgels nei de lannen by de Middellânske See. Soms binne se yn de maitiid of yn de hjerst yn Nederlân te sjen, fral oan de kust, at se ûnderweis binne.

Fuortplanting

bewurkje seksje

It nêst is, lykas by de measte Lysters, moai rûn en meast leech by de grûn yn 'e strûken. De 4-5 aaien wurde yn fjirtjin dagen útbret, wêrnei't de jongen ek noch fjirtjin dagen yn it nêst bliuwe.

De dûmnylyster yt meast wjirms, slakken en ynsekten. Yn de hjerst ite de fûgels in protte beien.