[go: up one dir, main page]

It burdmantsje (Panurus biarmicus) is in sjongfûgel fan de famylje Panuridae yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). De famylje fan de burdmantsjes hat mar ien soart.

burdmantsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje burdmantsjes (Panuridae)
skaai echte burdmantsjes (Panurus)
soarte
Panurus biarmicus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     wintergast

Burdmantsje yn it reid
Panurus biarmicus russicus

It burdmantsje is in typyske fûgel fan it reidlân. Hy hat in oranje-brúne kleur mei in feal-wite foarkant. It mantsje hat in grize kop en opfallende swarte burdstreken. It lûd is tige typysk: "tsjing" of "ping" en dat is simmers en winters te hearren. De oersetting fan de Latynske namme is "dûbel optuge sturtfûget". Neist de namme Burdmantsje hat dizze fûgel noch mear ûnoffisiële nammen: "Reidmieske", "Reidpapegaai" (hy makket akrobatyske meneuvels yn it reid en hy liket in bitsje op in papegaai), "Dekfûgeltsje": as it winter is beskermet it mantsje it wyfke soms mei de wjukken en miskien hat er dêrtroch dy namme krigen.

Fersprieding

bewurkje seksje

De fûgel komt ferspraat yn Jeropa en Midden-Aazje foar. Yn Nederlân briede jierliks tusken de 1000 en 2000 pearen. It burdmantsje is net bedrige en stiet net op de Reade list fan fûgels. Yn Fryslân komt it burdmantsje as briedfügel foaral foar yn de natuergebieten by de Iselmarkust lâns: fan Makkumer Noardwaard oant Mirnser Klif. Yn de Lauwersmar is er tige algemien en ferspraat troch Fryslân komme ek pearkes te brieden.

De soarte telt trije ûndersoarten:

  • Panurus biarmicus biarmicus: West-, Midden-, Súd-Jeropa
  • Panurus biarmicus russicus: Súdeast- en East-Jeropa, Midden-Aazje
  • Panurus biarmicus kosswigi: Súdeast-Turkije

Keppeling om utens

bewurkje seksje