[go: up one dir, main page]

Blûn hier of blond hier (of mei âldere nammen ljocht hier of blij hier) is mei read hier ien fan 'e seldsumste soarten fan minsklik hier. Dizze hierkleur docht him foar yn in wiid ferskaat oan tinten, fan tsjin it brune oan, oant hast folslein wyt, mar kin yn 'e regel omskreaun wurde as gielich. Blûn hier ûnderskiedt him fan oare hiersoarten trochdat it minder fan sawol it dûnkere pigmint eumelanine as fan it bleke pigmint feomelanine befettet. Blûne hierren binne tinner as brune hierren. It hawwen fan blûn hier is in genetyske eigenskip dy't fuortkomt út in mutaasje dy't yn Jeropa ûnder de lêste iistiid by de minske plakfûn, likernôch 11.000 jier lyn.

In famke mei blûn hier.

It wurd 'blûn' of 'blond' komt fan it Aldfrankyske blund, dat nei in kleur ferwiisde dy't de midden hold tusken goud en ljochtkastanjebrún. Yn in protte oare talen is dy term opnommen út it Latyn, nei't dat blund (yn 'e foarm blundus) út it Aldfrankysk liend hie. (In lytse minderheid fan 'e taalkundigen wol hawwe dat blundus gjin Aldfrankysk lienwurd wie, mar in fulgêre útspraak fan it oarspronklike Latynske wurd flavus, dat "giel" betsjut.)

Yn it Frysk is 'blond' in ridlik resint lienwurd út it Nederlânsk, mei't de oarspronklike Fryske oantsjuttings foar dizze hierkleur 'ljocht' of 'blij' wiene. 'Blûn' is dan fan oarsprong wer in hyperkorreksje om't alle Nederlânske wurden op -ond yn it Frysk op '-ûn' einigje (ferlykje rond – 'rûn', gezond – 'sûn', ensfh.). Yn it Ingelsk wie de oarspronklike beneaming foar blûn hier fair, fan it Angelsaksyske fæġer, dat letter ek brûkt waard om in ljochte hûdskleur oan te jaan. Dat wurd oerlibbet noch yn 'e Ingelske efternamme Fairfax, fan it Angelsaksyske fæġer-feahs, dat 'blûn hier' betsjut.

 
It foarkommen fan blûn hier yn Jeropa neffen in ûndersyk út 2006:
     >80% blûnhierrigen
     50-80% blûnhierrigen
     20-50% blûnhierrigen
     1-20% blûnhierrigen
     <1% blûnhierrigen.

Fersprieding

bewurkje seksje

Blûn hier komt it measte foar yn Skandinaavje (benammen Sweden stiet derom bekend) en de Baltyske lannen. Saakkundigen ornearje dat it gen foar wier blûn hier him yn dit gebiet ûntwikkele hat. Dêrnjonken komt blûnhierrigens ek in protte foar op 'e Britske Eilannen, yn Noardwest-Jeropa, Midden-Jeropa en East-Jeropa. It is net tafallich dat blûn hier yn Frankryk fierwei it measte foarkomt yn Normandje, dat yn 'e Iere Midsiuwen in fêstigingsgebiet fan Wytsingen út Skandinaavje wie.

Yn Súd-Jeropa, op 'e Balkan, yn 'e Kaukasus en yn 'e Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten is blûn hier net ûngewoan, en ek mank de Berbers fan 'e Magreb komt it foar (dêr't it wierskynlik brocht is troch de ynfluks fan 'e Germaanske Fandalen yn dat gebiet yn 'e lette Aldheid). Fan 'e befolking fan Kabylje, it Berberske hertlân yn noardlik Algerije, is 11% fan 'e befolking blûnhierrich. Mei kolonisten út noardlik Jeropa wei hat blûn hier him ek ferspraat nei Noard-Amearika, Súd-Afrika en Australaazje.

 
Aktrise Marilyn Monroe yn 'e film Gentlemen Prefer Blondes, út 1953.

Los fan it oarsprongsgebiet yn Jeropa en fersprieding troch lju dêrwei komt blûnhierrigens en foar yn Aazje en Oseaanje, dêr't it benammen assosjearre is bern. Neigeraden dat de persoan yn kwestje âlder wurdt, dûnkeret it hier dan ornaris oan ta brunens.

Froulju dy't blûn hier hawwe, wurde gauris oantsjut as blondines of blondsjes (blondine is de sjikere, Frânske foarm fan "blondsje"). Sokken wurde gauris stereotypysk beskreaun as oantrekliker foar manlju as froulju mei oare kleuren hier. Dat idee waard oan it begjin fan 'e tweintichste iuw popularisearre yn Gentlemen Prefer Blondes ("Hearen Jouwe de Foarkar oan Blondines"), fan Anita Loos, in roman dy't yn 1953 ûnder deselde titel ferfilme waard mei Marilyn Monroe yn 'e haadrol.

Fan blondines wurdt sein dat se mear wille hawwe (en minder earnstich binne), mar ek bestiet der in algemiene ferwachting dat se minder yntelligint binne, dy't û.m. ta utering komt yn moppen oer domme blondsjes. Yn guon dielen fan 'e wrâld wurdt dêrtroch op blondines delsjoen as seksueel promisku. De oarsprong fan 'e assosjaasje fan blûnhierrige froulju mei domheid giet werom op in achttjinde-iuwske Frânske blûne prostituee út Parys, in Rosalie Duthé, dy't sa tsjep en sa dom west hawwe soe dat se dêrmei it skriuwen fan in toanielstik oer har ynspirearre, mei as titel Les Curiosites de la Foire (1775).

Yn 'e tweintichste iuw hawwe beskate populêre aktrises oan 'e 'tsjep-mar-dom'-persepsje fan blondines bydroegen, lykas Marilyn Monroe, Judy Holliday, Jayne Mansfield, Goldie Hawn en Pamela Anderson. Ek resinter noch is troch Hollywood op dit stereotype fuortborduerre, û.m. mei de film Legally Blonde, út 2001, mei Reese Witherspoon yn 'e haadrol. Blûnhierrigens is no sa'n begeare lichemseigenskip wurden, dat grutte oantallen froulju harren hier geregeldwei yn in kapsalon blondearje litte (of dat gewoan sels thús dogge). Sokke blondines wurde ek wol 'peroksideblondsjes' neamd.

 
In blûnhierrich famke út Fanûatû, yn Melaneezje.

Underskate tinten fan blûn hier

bewurkje seksje

Tinten fan blûn hier kinne wêze:

  • wytblûn
  • blûnich of blondich
  • dûnkerblûn
  • flaaksblûn
  • goudblûn
  • graublûn
  • griisblûn
  • jiskeblûn
  • ljochtblûn
  • platinablûn
  • rodzich blûn
  • strieblûn

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.