Aust-Agder
Aust-Agder | |||
| |||
It wapen fan de provinsje Aust-Agder | |||
Lân | Noarwegen | ||
Nûmer | NO-09 | ||
Lânsdiel | Sørlandet | ||
Haadplak | Arendal | ||
Oerflak | 9.157,4 km² | ||
- lân | 8.313,75 km² | ||
- wetter | 843,65 km² | ||
Ynwennertal | 116.673 (01-01-2017) | ||
Befolkingstichtens | 13 ynwenners/km² | ||
Tiidsône | UTC+1 | ||
- simmertiid | UTC+2 | ||
Aust-Agder is in tradisjonele regio, eardere provinsje en hjoeddeistich kiesdistrikt fan Noarwegen. Yn 2020 gie it yn 'e mande mei de buorprovinsje Vest-Agder op yn 'e nije fúzjeprovinsje Agder.
Aust-Agder wie foarhinne in provinsje (fylke) fan Noarwegen yn it easten fan Sørlandet. De provinsje lei oan it Skagerrak en grinzge oan Telemark, Rogaland en Vest-Agder. As regio beslacht it in gebiet fan 9.157,4 kante kilometer, en op 1 jannewaris 2017 wie it ynwennertal 116.673.
Yn 2017 stimde it Noarske parlemint foar it gearfoegjen fan de provinsjes Aust-Agder en Vest-Agder per 1 jannewaris 2020. Dizze fúzje wie ien fan de geografyske feroarings dy't plakfûnen yn it ramt fan in bredere de provinsjale weryndieling fan Noarwegen.
Gemeenten
bewurkje seksjeDe provinsje Aust-Agder bestiet sûnt de jierren njoggentich út 15 gemeenten:
Nr. | Gemeente | Haadplak | Ynwennertal |
---|---|---|---|
0901 | Risør | Risør | 6.936 |
0904 | Grimstad | Grimstad | 22.692 |
0906 | Arendal | Arendal | 44.576 |
0911 | Gjerstad | Gjerstad | 2.511 |
0912 | Vegårshei | Myra | 2.104 |
0914 | Tvedestrand | Tvedestrand | 6.051 |
0919 | Froland | Blakstad | 5.713 |
0926 | Lillesand | Lillesand | 10.702 |
0928 | Birkenes | Birkeland | 5.718 |
0929 | Åmli | Åmli | 1.856 |
0935 | Iveland | Birketveit | 1.342 |
0937 | Evje og Hornnes | Evje | 3.614 |
0938 | Bygland | Bygland | 1.200 |
0940 | Valle | Valle | 1.246 |
0941 | Bykle | Bykle | 952 |
Sjoch ek
bewurkje seksjeProvinsjes fan Noarwegen | ||
---|---|---|
Agder • Akershus • Buskerud • Finnmark • Innlandet • Møre og Romsdal • Nordland • Oslo • Rogaland • Telemark • Troms • Trøndelag • Vestfold • Vestland • Østfold | ||
Eardere provinsjes | ||
Aust-Agder • Bergen • Hedmark • Hordaland • Nord-Trøndelag • Oppland • Sogn og Fjordane • Sør-Trøndelag • Troms og Finnmark • Vest-Agder • Vestfold og Telemark • Viken | ||
· · |