In Trageedzje yn Yorkshire
In Trageedzje yn Yorkshire, yn it Ingelsk: A Yorkshire Tragedy, is in Ingelsk toanielstik fan ûnbekend auteurskip út it begjin fan 'e santjinde iuw. It waard foar it earst útjûn yn 1608 en werprinte yn 1619. It waard yn 1608 opnommen yn it Stationers' Register, de gesachhawwende útjouwerskatalogus fan dy tiid, as in stik fan 'e wiidferneamde toanielskriuwer William Shakespeare. Teffens hearde it yn 1664 ta de sân toanielstikken dy't útjouwer Philip Chetwinde tafoege oan syn saneamde Third Folio fan Shakespeare syn wurk. Sadwaande wurdt In Trageedzje yn Yorkshire ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene, al bestiet der tsjintwurdich yn akademyske fermiddens in konsensus dy't de taskriuwing oan Shakespeare fersmyt en it stik ynstee as it wurk fan Thomas Middleton sjocht. Ek Thomas Heywood en George Wilkins binne wol neamd as mooglike skriuwers, mar krekt as Shakespeare binne sy troch it meastepart fan 'e saakkundigen ôfwiisd.
In Trageedzje yn Yorkshire | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | A Yorkshire Tragedy | |
auteur | taskreaun oan ferskate auteurs (û.o. William Shakespeare) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | <1608 | |
1e publikaasje | 1608, Londen |
Ynhâld
bewurkje seksjeIn Trageedzje yn Yorkshire giet oer in nammeleaze ealman út Yorkshire, dy't oars net docht as drinke en syn jild trochbringe, wylst er syn frou slacht en hûnsk behannelet en har derfan beskuldiget him ûntrou west te hawwen. Hy stjoert har nei Londen ta om har omke te bepraten en ferkeapje de lânerijen dy't har breidsskat foarmje foar baar jild. De frou oertsjûget har omke der lykwols fan om har man in amt oan it Keninklik Hof te besoargjen, yn 'e hope dat dat him oanfiterje sil om 'e drank stean te litten en syn hâlden en dragen te ferbetterjen. Mar as se wer thúskomt en him fertelt wat se dien hat, wurdt er alhiel breinroer en bedriget er har mei in dagge.
Aldergeloks arrivearret der krekt op dat stuit in gast, de master fan it universiteitskolleezje dêr't de ealman foarhinne oan studearre hat. Dy fertelt him dat syn jongere broer, in gâns ûnthjittende jonge, oppakt en finzen set is fanwegen de ûnbetelle skulden dy't de ealman sels makke hat. Nei't de master ôfset is, rekket de ealman alhiel telider slein. Hy beskriemt wat er fan syn libben makke hat en wanhopet oft it ea noch wat wurde sil. Hy komt ta de konklúzje dat der mar ien mooglikheid is om syn bern te behoedzjen foar in bidlersbestean, en dat is troch se sels te deadzjen.
Hy stekt syn âldste soan, in lyts jonkje, del, en smyt in faam mei syn middelste bern, in pjut, by de trep del. As syn frou en in tsjinstfeint him besykje tsjin te hâlden, stekt er syn frou ek del, wylst er de tsjinstfeint mei syn spoaren bewurket. Dan giet er derút om syn jongste bern ek te deadzjen, in poppe dy't by syn minne yn 'e hûs is. Underweis dêrhinne komt er de master mei dy syn beide feinten tsjin, dy't krekt op hûs oan sil. Erchtinkend wurden troch de ealman syn nuver hâlden en dragen, giet de master wer yn 'e hûs, en treft dêr it bloedbad oan. Hy lit in sirurgyn roppe en set sels mei tûzen hasten mei syn beide mânske feinten efter de ealman oan, dy't troch syn rimpenens fan it hynder smiten is en dy't se sadwaande witte te oermasterjen ear't er de poppe tenei komme kin. De beide âldste bern fan 'e ealman stjerre oan harren ferwûnings, mar syn frou oerlibbet it. As er einlings fuortfierd wurdt om berjochte te wurden, toant de ealman berou foar syn dieden, mar dan is it te let, al risselwearret syn frou om by it proses foar it libben fan har man te pleitsjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|