[go: up one dir, main page]

Double Falsehood, folút: Double Falsehood, or: The Distressed Lovers (yn ier achttjinde-iuwske stavering Double Falshood, or: The Distrest Lovers; "Dûbeld Bedroch, of: De Oerstjoere Minners"), is in Ingelsk toanielstik fan 'e hân fan 'e skriuwer Lewis Theobald. Dy bewearde dat er trije manuskripten yn 'e hannen krigen hie dy't stammen út 'e tiid fan 'e Restauraasje (om 1660 hinne), en dy't fan ien en itselde nammeleaze toanielstik fan 'e wiidferneamde toanielskriuwer William Shakespeare wiene. Theobald "ferbettere" se yn 1727 en publisearre it resultearjende stik it jiers dêrop ûnder de titel Double Falsehood.

Double Falsehood
algemiene gegevens
auteur William Shakespeare
John Fletcher
Lewis Theobald
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun ±1606 (werskreaun ±1727)
1e publikaasje 1728, Londen

Sadwaande mienden party saakkundigen dat Double Falsehood op in ferlern gien stik fan Shakespeare basearre wie, hoewol't oaren, fral út syn eigen tiid, Theobald foar in fantast holden (ek al leit de man fierders ûnder literêre kritisy op in goede namme), of foar it slachtoffer fan oplichting troch de ferkeaper(s) fan 'e trije manuskripten. De hjoeddeiske konsensus yn akademyske fermiddens hinget derta oer om Double Falsehood te beskôgjen as in werskreaune ferzje fan in Shakespeariaansk toanielstik. Ut in wittenskiplik rapport dat Ryan Boyd en James W. Pennebaker fan 'e Universiteit fan Teksas te Austin yn 2015 yn it tydskrift Psychological Science publisearren, bliek op grûn fan statistysk en psychologysk bewiismateriaal út Double Falsehood dat ferlike waard mei toanielstikken wêrfan't de auteur bekend is, dat Double Falsehood trije skriuwers hie, dy't te identifisearjen wêze soene as Shakespeare, dy syn jongere tiidgenoat en ko-auteur John Fletcher, en Lewis Theobald.

Oangeande de identiteit fan dat stik wiist it beskikbere bewiismateriaal benammentlik yn 'e rjochting fan 'e ferlern giene komeedzje Kardenio, mei't men mient dat dy, krekt as Double Falsehood, weromgrypt op it ferhaal oer it personaazje Cardenio yn it masterwurk Don Quichot, fan 'e Spaanske auteur Miguel de Cervantes, út 1605.

Cardenio yn Don Quichot

bewurkje seksje

Yn Don Quichot komme de doalende ridder en syn skyldfeint Sancho yn it ûnherberchsume berchlân fan 'e Sierra Morena in wyldhierrige healneakene klúzner tsjin, dy't de skriuwer fan in notysjeboek fol poëzij blykt te wêzen. As hja him úteinlik safier krije dat er harren syn ferhaal fertelle wol, docht bliken dat dizze Cardenio in telch is út in rike famylje út Andalúsje, dy't fereale rekke op syn buorfamke Luscinda, mei wa't er opgroeid wie. It wie syn bedoeling om mei har te trouwen, mar foar't dat barre koe, waard er fuortroppen om yn 'e hofhâlding fan hartoch Ricardo te tsjinjen as in selskipsman foar dy syn jongste soan, don Fernando. Dyselde hie in aparte foarleafde foar fammen fan leger maatskiplik komôf, en doe't er de lofsangen fan Cardenio oer Luscinda hearde, rekke er fol fan begear foar dat fanke. Hy makke Cardenio wiis dat er dy syn heit freegje soe om in houlik tusken Cardenio en Luscinda te beävensearjen, wylst Cardenio sels weromreizge nei hartoch Ricardo, om te fersykjen en beëinigje syn tsjinst yn dy syn hofhâlding. Mar de ferriedlike don Fernando bewurkmastere it sa dat er sèls mei Luscinda trouwe koe, en doe't Cardenio weromkaam, wie it hiele spul al yn kannen en krûken. Luscinda bewissige him derfan dat se leaver stjerre soe as mei don Fernando te trouwen, mar doe't it derop oankaam, troude se dochs mei him. Cardenio waard doe alhiel sljochtsinnich en naaide út nei de woeste bergen, dêr't er de wyldeagige klúzner waard dy't don Quichot en Sancho dêr letter troffen.

Ynhâld fan Double Falsehood

bewurkje seksje

Theobald (of mooglik Shakespeare) hat yn Double Falsehood de nammen fan 'e personaazjes feroare. Cervantes syn Cardenio is Julio wurden, Luscinda is Leonora wurden en don Fernando hjit hjir fan Henriquez.

It stik set útein as Henriquez, de jongste fan 'e beide soannen fan hartoch Angelo, syn selskipsman Julio nei syn heite hof ta stjoerd. Julio, dy't sadwaande syn hofmakkerij fan Leonora ûnderbrekke moat, freget Henriquez om ûnder syn ôfwêzigens te helpen en oertsjûgje Leonora om mei him te trouwen. De trochtrape Henriquez stimt dêryn ta, mar hat ûnderwilens hiele oare plannen. Nei't er Violante, in kreas en deugdsum pleatslik fanke fan gewoan komôf, ferkrêfte hat, set er útein mei Leonora sels it hof te meitsjen (it dûbele bedroch út 'e titel). Hoewol't Leonora sels alhiel ôfkearich fan him is, liket it har heit Bernardo skoan ta om 'e soan fan in hartoch as skoansoan te hawwen. Julio, dy't warskôge is troch in brief fan Leonora, arrivearret krekt op 'e tiid om in houlik tsjin te hâlden. As er Henriquez útdaget ta in duël, wurdt er lykwols oermastere troch de tsjinstfeinten fan Bernardo. Nei't Leonora derhinne fallen is, ûntdekt Bernardo in dolk en in selsmoardbryfke yn har klean, wat makket dat er einlings begrypt dat it syn dochter mienen is.

Nei it mislearre houlik naaie Julio, Leonora en Violante alletrije apart faninoar út. Julio tsjocht de wyldernis yn, dêr't er fjochtpartijen útlokket mei de skiephoeders dêre. Leonora siket har taflecht yn in nonnekleaster. Violante ferklaait harsels as in jonge en wurdt de feint fan in masterskiephoeder. Dy masterskiephoeder is in seldsum figuer yn 'e tradisjonele Ingelske toanielkeunst: in man dy't snugger genôch is om te sjen dat in frou in frou is as hja har as jonge ferklaaid hat. Hy makket grouwélige seksuële avânses nei Violante, mar ear't er har tenei komme kin, arrivearret Roaderik, de âldere broer fan Henriquez. Dy fandelet Violante, Julio, Leonora en Henriquez byinoar en konfrontearret harren mei-inoar. Julio en Leonora beslute om dochs noch te trouwen, en Leonora har heit Bernardo leit him dêr no by del. Henriquez hat ûnderwilens berou krigen fan syn smjuntestreken en om it goed te meitsjen mei Violante wol er no mei har trouwe (tsjintwurdich grize je derfan as in ferkrêftingsslachtoffer mei de dieder trouwe moat, mar doedestiden waard it wierskynlik as in happy end beskôge).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater