1879
jier
Iuwen: | 14e | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e iuw | 20e | 21e | 22e | 23e | 24e |
Jierren: | 1874 | 1875 | 1876 | 1877 | 1878 | 1879 | 1880 | 1881 | 1882 | 1883 | 1884 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1879 MDCCCLXXIX |
Ab urbe condita | 2632 |
Armeenske kalinder | 1328 ԹՎ ՌՅԻԸ |
Etiopyske kalinder | 1871 – 1872 |
Hebriuwske kalinder | 5639 – 5640 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1934 – 1935 |
- Shaka Samvat | 1801 – 1802 |
- Kali Yuga | 4980 – 4981 |
Iraanske kalinder | 1257 – 1258 |
Islamityske kalinder | 1296 – 1296 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 12 dgn. |
Sineeske kalinder | 4575 – 4576 乙寅 – 丙卯 |
1879 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1879.)
Foarfallen
bewurkje seksje- 9 jannewaris - Nei't se te hearren krigen hawwe dat se weromstjoerd wurde sille nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma), dogge de Noardlike Sjajinnen dy't fêstholden wurde yn Fort Robinson, yn Nebraska, in bloedich besykjen om út te brekken. Dit is it begjin fan it saneamde Bloedbad fan Fort Robinson.
- 22 jannewaris - By Hat Creek Bluff berikt it Bloedbad fan Fort Robinson in hichtepunt, as it Amerikaanske Leger in groep fan 32 Noardlike Sjajinnen ynslút en ûnder it folgjende gefjocht 24 Yndianen de dea fine.
- 22-23 jannewaris - Yn it ramt fan 'e Sûlû-Oarloch hâldt yn 'e Slach by Rorke's Drift yn Natal it lytse Britske garnizoen fan 'e missypost Rorke's Drift stân tsjin in belegering troch in oermacht oan Sûlû-krigers.
- 1 maaie - It Frysk Hynstestamboek wurdt oprjochte.
- 12 maaie - Yn 'e opsjochjaande rjochtsaak Standing Bear v. Crook, dy't oanspand wie troch it Ponka-opperhaad Steande Bear tsjin 'e Amerikaanske oerheid yn 'e persoan fan brigadegeneraal George Crook, docht de rjochter Elmer S. Dundy de útspraak dat Yndianen wol deeglik as 'persoanen' ûnder de Amerikaanske wet beskôge wurde kinne, en dat se dêrom net sûnder wetlik ûnderbouwing oppakt wurde meie.
- 4 novimber - Thomas Alva Edison freget oktroai oan op 'e gloeilampe.
- sûnder datum - It Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse stelt de Selskipsstavering fêst, de earste standertstavering fan it Frysk.
- sûnder datum - De Sweed Adolf Erik Nordenskiöld fart as earste Jeropeaan troch de Noardeastlike trochfeart.
- sûnder datum - Somerville College waard oprjochte.
Berne
bewurkje seksje- maart
- 14 - Albert Einstein, Dútsk-Amerikaansk natuerkundige († 1955)
- 15 - François Jaffrennou, Bretonsk dichter en aktivist († 1956)
- 30 - Coen de Koning, Nederlânsk hurdrider en alvestêdetochtwinner († 1954)
- july
- 3 - Alfred Korzybski, Poalsk-Amerikaansk taalkundige († 1950)
- 22 - Tietse Pieter Sevensma, Frysk bibletekaris, skriuwer en redakteur († 1966)
- septimber
- 28 - Andries Gaastra, grûnlizzer fan it Batavusfabryk († 1945)
- desimber
- 6 - Rudolf Gundersen, Noarsk reedrider († 1946)
- 18 - Josef Stalin, Georgysk-Russysk politikus en lieder fan 'e Sovjet-Uny († 1953)
Ferstoarn
bewurkje seksje- 19 maart - Jan Ottema, Frysk klassikus en skiedkundige (* 1804)
- 16 april - Bernadette Soubrious, Frânsk hillige (* 1844)
- 23 april - Willem Engelbart Engelen, Frysk jurist, politikus en bestjoerder (* 1817)
- maaie - Bizonkeallepaadfrou (Buffalo Calf Road Woman), froulik kriger fan 'e Noardlike Sjajinnen (* 1850-er jierren)
- 29 maaie - Pieter Benjamin Vegilin van Claerbergen, Frysk politikus en grytman (* 1808)
- 17 septimber - Eugène Emmanuel Viollet-le-Duc, Frânsk arsjitekt (* 1814)
- 5 novimber - James Maxwell, Skotsk wis- en natuerkundige (* 1831)
- 6 desimber - Marten Jans van Houten, Frysk evangelist en mystikus (* 1801)
- datum ûnbekend
- Heal Giel Gesicht (Half Yellow Face), Kriesk ferkenner yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Leger (* 1830)
Literatuer
bewurkje seksje- toaniel
- Henrik Ibsen, Et Dukkehjem (oerset yn it Frysk as In Poppehûs)
- Georg Büchner, Woyzeck (oerset yn it Frysk as Woyzeck)
Jierren: | 1874 | 1875 | 1876 | 1877 | 1878 | 1879 | 1880 | 1881 | 1882 | 1883 | 1884 |
Iuwen: | 14e | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e iuw | 20e | 21e | 22e | 23e | 24e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|