[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Zsolt Deáky

Ut Wikipedy

Zsolt Deáky (Bûdapest, 9 oktober 1933) is in Hongaarsk dirigint dy 't in tal jierren wurksum wie yn Nederlân, ûnder oare as dirigint fan it Frysk Orkest.

Hy is soan fan Edith Deáky en Zeigmond Deáky. Syn heit wie yngenieur en amateurfioelist. Hy troude mei sjoernaliste Ute Schlothauer. Syn soan Fajsz Deáky waard ek musikus.
Deáky soe it pleatslik gymnasium folge hawwe. Under de Hongaarske Opstân yn 1956 flechte er nei West-Europa.

Hy krige syn oplieding oan it Konservatoarium fan Bûdapest en Conservatorio Giuseppe Verdi Milaan. Hy studearre dêr benammen sello (1956 -1962 ); spile yn it Philharmonica Hungerica, in orkest dat gearstald wie út flechtlingen. Tusken 1962 en 1966 studearre er direksje by Hans Swarowsky oan de Gustav-Mahler-Konservatorium für Musik und Darstellende Kunst yn Wenen en studearre der ôf as koardirigint; spile ek wol yn it Wiener Philharmoniker. Byskoalling folge er by ynternasjonale simmerkursussen yn Salzburg en Nice. Dat alles late ta it winnerskip fan in dirigintekonkoers yn Florence.

Hy stie ynearsten foar de wat minder bekende symfonyorkesten yn Europa en de Feriene Steaten. Foar de tachtiger jierren hie er ek foar renommearre orkesten stien lykas de Wiener Symphoniker, Royal Philharmonic Orchestra en Los Angeles Philharmonic Orchestra. Yn de santiger jierren dûkte syn namme op yn de Nederlânske provinsjes Fryslân en Grinslân. Hy ferfong yn Fryslân by it Frysk Orkest en yn Grins by it Noardlik Filharmonysk Orkest diriginten dy 't om hokker reden dan ek it oanbelangjend konsert net dirigearje koenen. Hy waard nei it fuortgean fan Alfred Salten en Libor Pesek ien fan de fêste gastdiriginten fan it orkest.

Dy situaasje duorre oant 1979, doe 't Deáky beneamd waard ta sjefdirigint fan it Frysk Orkest. Deáky woe krekt as it orkest mear struktuer yn de konserten en orkest bringe, dat wie in bytsje ferlern gien by it rezjym fan allinnich gastdiriginten. Hy krige in kontrakt foar in perioade fan trije jier. Yn dy jierren krige er twa assistinten by him, Roelof van Driesten en Vladimir Valek. It trio woe benammen de klankkeur fan it orkest nei in heger nivo tille. Hy soe der langer bliuwe, oant en mei seizoen 1983. Dêrnei folge nei in "fêstrûne wurkrelaasje" wer in perioade mei allinnich gastdiriginten.

Underwilens joech er direksjelessen oan it konservatoarium fan Grins; hy stie der ek foar it learlingeorkest oant de njoggentiger jierren. Dêrnei ferdwûn er út de Nederlânske muzykwrâld ûnbekende bestimming.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: