[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Us Mem

Ut Wikipedy
Us Mem
keunstwurk
Us Mem
Us Mem
bysûnderheden
jier 1954
keunstner Gerhardus Jan Adema
materiaal brûns
plak Ljouwert
lokaasje rotonde Harnzersingel/Harnzerstrjitwei
Kaart
Us Mem (Ljouwert-Binnenstêd)
Us Mem
Lokaasje yn Ljouwert.

Us Mem is in stânbyld fan in ko yn de stêd Ljouwert. De brûnzen Us Mem is makke troch Gerhardus Jan Adema. De ko is neffens de regels fan it Frysk Kowestamboek (FRS) foarmjûn en stelt sadwaande de ideale ko foar. De swartbûnte Frysk-Hollânske ko wurdt wol sjoen as it wichtichste Fryske eksportprodukt. It byld is in yn 1954 troch it FRS jûn as jublileumgeskink en stie dan ek tsjinoer it gebou fan de Stamboekferiening op it – eartiids beamkerike en troch Hotel De Klanderij flankearre – Suderplein. Sûnt 1990 stiet it op de rotonde Harnzersingel/Harnzerstrjitwei. De namme is gekoanstekkerich ûntstien as tsjinhinger fan Us Heit, de bynamme fan Willem Loadewyk waans stânbyld op it Hofplein stiet.

It mear as libbensgrutte byld wie geregeld mikpunt fan aksjefierders. Sa waard it rôse ferve by in aksje tsjin diskriminaasje fan homo's en krige it in dek tsjin graffity en waard bekladde doe't de Molukkers oandacht fregen.

It byld wie fan de stichting Us Mem. Dy stichting is opgien yn it Frysk Lânboumuseum.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter Krante: Us Mem verdient plek in centrum, 1 desimber 2020.