[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Turboprop

Ut Wikipedy
De Fokker F27 is in turbopropfleanmasine
Luchtstreamen by in draaiende turboprop

In turboprop (folút: turbopropeller) is in type fleanmasinemotor. It is in gasturbine dy't in propeller oandriuwt. Oars as by in turbojet hawwe de útlitgassen te min enerzjy om driuwkrêft fan betsjuttin te jaan, meidat hast alle motorfermogen brûkt wurdt om de propeller oan te driuwen.
Om de gasturbine behindich te hâlden is er ûntwurpen foar in heech toeretal. In propeller draait lykwols effisjint by in betreklik leech toeretal. Dêrom is der in reduksje-kamrêdkast tusken turbine en propeller oanbrocht.

Meidat in propeller tige effisjint is by lege fleansnelheden, wurdt dit motortype fral fûn yn lytse passazjiersfleantugen en frachtfleantugen. Propellers wurde net brûkt by flugge fleantugen omdat by hegere toeretallen de luchtstream by de úteinen fan de rotorblêden in supersoanyske faasje krijt, wat liedet ta folle mear luchtwjerstân en sadwaande in legere effektiviteit. Yn de útlit fan de turbopropmotor kin in strielbuis oanbrocht wurde, wêrtroch't de útlitgassen fan de motor fierder útsette kinne. Sa ûntstiet der in striel mei hege snelheid. Yn dat gefal is der in kombinaasje fan twa oandriuwingsprinsipes: de kâlde striel fan de propeller, goed foar 90% fan de driuwkrêft, en de hjitte striel út de útlit, dy't foar 10% fan de driuwkrêft soarget. De striel kin net allinne nei efteren, mar ek nei ûnderen rjochte wêze om it fleantúch mear liftkrêft te jaan (lykas by in helikopter).