[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Tuisto

Ut Wikipedy

Tuisto (de twafâldige), wie in twaslachtich wêzen, man en wiif tagelyk, dat út de ierde berne wie. De iere Friezen hawwe him as soartemint "foarfaar" beskôge dêr't alle minsken fan ôfstamden. Hy hie in soan dy Mannus hiete, dy't sels wer trije soannen hie dêr't de Ingvaeones, Istewoanen en Herminoanen út fuortkomme.

Dizze wiisheid is us oerlevere troch Tacitus yn syn skreaune meidielings oer de Germanen.

  • D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Ljouwert, 1965), side 40.
  • J. de Vries, Altgermanische Religionsgeschichte (Berlijn, 1957), delen 1 en 2.