[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Tsjûkepôle

Ut Wikipedy
De foarm fan it eilân

De Tsjûkepôle is ien fan de eilannen yn de Tsjûkemar. It eilân is oanlein yn 1997, tagelyk mei de Marchjepôle. De Tsjûkepôle leit it noardlikst, yn de gemeente Skarsterlân.

Der kin oanlein wurde yn 'e kom fan it eilân en oan de stegers oan de noard- en eastsiden fan it eilân. De lisplakken falle ûnder de Marrekrite, dat it oanlizzen is tastien foar op syn heechst trije nachten.