[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Tjitze de Boer

Ut Wikipedy
Tjitze de Boer

Tjitze de Boer (Wurdum, 25 maaie 1866 - Den Haach, 10 jannewaris 1942) wie heechlearaar wiisbegearte oan de Universiteit fan Amsterdam (1906) en grut Islamkenner. Hy waard nei syn stúdzje konservator-bibletekaris fan it Frysk Museum en letter fan de Universiteitsbibleteek fan Grins en noch wer letter ûnderbibletekaris fan de Keninklike Bibleteek yn De Haach.[1]

Yn 1907 krige de Boer as earste in learopdracht yn de psychology oan de Universiteit fan Amsterdam.[2]. Dêrmei waard de basis lein foar ûndersyk nei en ûnderwiis yn de psychology oan de UfA. Hoewol't it omtinken foar psychology tige oan it opkommen wie yn dy jierren, hawwe mar trije haadsstudinten doktoraal eksamen by de Boer ôflein oant er yn 1931 mei emeritaat gie.[3]

De Boer wie in goede freon fan de dichter Obe Postma.

Yn Wurdum is in strjitte nei him neamd.

  • Die Wiedersprüche der Philosophie nach al-Gazzali, Straatsburch 1894.
  • Geschichte der Philosofie im Islam, 1901

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. DBNL
  2. 100 jier psychology oan de UfA
  3. UfA, Caroline Nevejan, side 10