[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Tim Berners-Lee

Ut Wikipedy
Sir Tim Berners-Lee
Syn earste webtsjinner fan de wrâld

Sir Tim Berners-Lee (Londen, 8 juny 1955) is de betinker en grûnlizzer fan it World Wide Web (WWW), tegearre mei syn doetiidske manager Robert Cailliau. Dat barde yn syn tiid as consultant software engineer by CERN (Conseil Européen pour la Recherche Nucléaire) yn Switserlân fan juny oant en mei desimber 1980. As direkteur fan it World Wide Web Consortium hâldt er tafersjoch op de ûntwikkeling fan webtalen en -protokollen lykas HTML, XML, CSS en HTTP. Berners-Lee skreau de earste webbrowser en de earste webserver.

Yn 1999 publisearre hy Weaving the Web[1], in boek oer it ûntstean fan it Web. It waard yn it Nederlânsk oersetten as De wereld van het World Wide Web[2][3][4].

Berners-Lee stribbet nei it semantysk web, dat wol sizze, in wrâldwiidweb dêr't ynformaasje ynhâldlik beneamd en yndield is op in foar kompjûters te ferwurkjen wize. Hoewol't der yn de akademyske wrâld in soad omtinken foar is, is it noch net dúdlik oft it semantysk web inselde súkses wurde sil as it WWW.

Underskiedingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berners-Lee hat foar syn wurk ferskate prizen wûn:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Tim Berners-Lee - Weaving the Web: The Past, Present and Future of the World Wide Web by its Inventor
  • Berners-Lee's webside

  1. Tim Berners-Lee: "Weaving the Web". Webside fan de auteur oer it boek, mei linken nei ekstra materiaal en in list fan oersettings.
  2. Peter Giesen: "Denker in een dotcom-cultuur" in De Volkskrant, 26 maaie 2000, bywurke op 20 jannewaris 2009.
  3. Hein van Steenis: "Tim Berners-Lee pleit voor een 'transparant' Internet", Computable.nl, 16 juny 2000.
  4. "Betinker WWW woe net ryk wurde fan syn útfining" yn Automatisering Gids, 24 augustus 2000.