[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Thessaly (trilogy)

Ut Wikipedy
Thessaly-trilogy
algemiene gegevens
auteur Jo Walton
taal Ingelsk
foarm trilogy
sjenre fantasy / science fiction
1e publikaasje 20152016
oarspr. útjwr. Tor Books

Thessaly is in Ingelsktalige trilogy fan 'e hân fan 'e Welsk-Kanadeeske skriuwster Jo Walton (1964), dy't yn 2015 en 2016 útjûn waard troch de New Yorkske útjouwerij Tor Books. De trije romans sette útein as fantasy, mar einigje fierhinne as science fiction. Se binne skreaun yn it ik-perspektyf, mar fanút de eachpunten fan ferskate persoanen, dy't om bar yn in haadstik oan it wurd komme en boppedat fan boek ta boek ferskille. It ferhaal draait om 'de Rjochtfeardige Stêd', in idee út 'e Politeia fan 'e Aldgrykske wiisgear Plato, dat yn 'e praktyk brocht wurdt troch de Grykske goadinne Pallas Atene. Jo walton waard foar Thessaly yn 2017 nominearre foar de Mythopoeic Award yn 'e kategory bêste fantasyboek foar folwoeksenen.

De namme fan 'e trilogy, Thessaly, is Ingelsk foar de Grykske lânstreek Tessaalje, dêr't Sokrates syn freon Krito him neffens de oerlevering hinne smokkelje woe sadat er oan syn deastraf yn Atene ûntkomme koe. Sokrates wegere lykwols, en keas derfoar om 'e deastraf troch de gifbeker te ûndergean. Yn Walton har boeken wurdt Sokrates lykwols op it stuit fan syn ferstjerren ûntfierd en genêzen troch Pallas Atene, wêrnei't er by wize fan grap syn wente yn 'e Rjochtfeardige Stêd "Tessaalje" neamd. Mei't him yn dat hûs in grut part fan Walton har ferhaal ôfspilet, hat se har trilogy dernei ferneamd.

It idee efter de trilogy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Thessaly-trilogy begjint as de tiidreizgjende Grykske goadinne Pallas Atene by wize fan eksperimint besiket de 'Rjochtfeardige Stêd' út 'e Politeia fan 'e Aldgrykske wiisgear Plato ta wurklikheid te meitsjen. Hja nimt dêrta 300 filosofen en goed 10.000 tsienjierrige slavebern mei werom troch de tiid nei de iere Aldheid, ferskate generaasjes foarôfgeande oan 'e Trojaanske Oarloch. Dêr bouwe hja mei in grut tal handige robots dy't de goadinne út 'e takomst hellet, de Stêd op it diel fan it eilân Teara (of Santorini), dat letter troch in swiere fulkaanútbarsting yn 'e see ferdwine en dêrmei de leginde fan Atlantis feroarsaakje sil. It idee fan Pallas Atene is dat hja dêrtroch mei har eksperimint gjin ynfloed útoefenje sil op 'e rest fan 'e skiednis fan 'e wrâld, mei't alle bewizen foar it bestean fan 'e Stêd troch de fulkaanútbarsting ferneatige wurde sille. Ien fan 'e bern dy't yn 'e Stêd grutbrocht wurdt, is de god Apollo, dy't syn macht dellein hat om himsels ta minske ynkarnearje te litten. Hy hopet troch as minske te libjen, antwurden te finen op guon fraachstikken dy't him as god altyd ûntgien binne.

Under de filosofen dy't Pallas Atene by de Rjochtfeardige Stêd belûkt, binne ferneamde nammen as Krito fan Alopeke, Markus Tullius Sisero, Titus Pomponius Attikus, Plotinus, Porfyrius, Anisius Manlius Boëtius, Marsilio Ficino, Giovanni Pico della Mirandola, Lukresia Borgia, Benjamin Jowett en Ellen Francis Mason. As de oanwizings fan Plato yn 'e praktyk brocht wurde, docht lykwols bliken dat de man perfoarst in earsten tinker wie, mar net folle ferstân hie fan 'e minsklike natuer. Syn ferhefte ideälen en goedbedoelde sosjale oanpassings wurde sadwaande al rillegau ynhelle troch de wjerstribbige praktyk, en úteinlik stoart syn ideäle maatskippij as in kaartehûs yninoar, net yn it lêste plak om't Pallas Atene nei ferrin fan tiid Plato syn âlde learmaster Sokrates op it stuit fan syn ferstjerren ûntfierd en nei de Stêd ta hellet. Oars as dat suver eltsenien ferwachte hie, is de âldman alhiel net ûnder de yndruk fan wat er dêr oantreft, en begjint er daliks ferfelende fragen te stellen.

Uteinlik einiget in debat tusken Pallas Atene en Sokrates dermei dat de goadinne har hannen fan 'e Stêd ôflûkt. De gearkomste fan 'e masters en de tsjin dy tiid folwoeksen bern falt dan tsierend yn ferskate kampen útinoar, mei as gefolch de stifting fan in stik as tolve bykommende stêden, dy't allegear harren eigen foarm fan platonisme oanhâlde. De anagronistyske yntroduksje, troch guon fan 'e bern, fan it kristendom yn 'e Grykske Brûnstiid makket it yngripen fan 'e oppergod Seus needsaaklik, de heit fan Apollo en Pallas Atene, dy't alle trettjin platoanyske stêden yn 'e tiid ferpleatst út 'e Aldheid nei de seisentweintichste iuw, en yn 'e romte fan Grikelân nei in fiere en ûnbewenne planeet. Dy wurdt troch de bewenners fan 'e stêden prompt 'Plato' neamd. Op dy nije wrâld komt de platoanyske beskaving fjirtich jier letter wer yn kontakt mei de rest fan 'e minskheid, dy't dan krekt it flugger-as-ljochtreizgjen útfûn hat.

  • Diel 1
    • Apollo
    • Maia (berne as Ethel Beecham yn 'e 19e iuw), ien fan 'e (fiktive) masters
    • Simmea, dy't as slavinne nei de stêd helle en as filosofe grutbrocht wurdt
  • Diel 2
    • Apollo
    • Arete, de dochter fan Apollo en Simmea
    • Maia
  • Diel 3
    • Apollo
    • Crocus, in selsbewuste robot út 'e Oarspronklike Stêd
    • Jason, in fisker út 'e Oarspronklike Stêd
    • Marsilia, in dochter fan Neleus, de soan fan Simmea

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
De Thessaly-trilogy
The Just City | The Philosopher Kings | Necessity