The Good Dinosaur
The Good Dinosaur | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Peter Sohn | |
produsint | Denise Ream | |
útfierend produsint |
John Lasseter Lee Unkrich Andrew Stanton | |
senario | Meg LaFauve | |
kamerarezjy | Mahyar Abousaeedi (kamera) Sharon Calahan (beljochting) | |
muzyk | Mychael Danna Jeff Danna | |
filmstudio | Pixar Animation Studios Walt Disney Pictures | |
distribúsje | Walt Disney Studios Motion Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Raymond Ochoa Jack Bright | |
byrollen | Jeffrey Wright Frances McDormand Sam Elliott Steve Zahn Anna Paquin A.J. Buckley | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 10 novimber 2015 | |
foarm | lange tekenfilm | |
sjenre | bernefantasy-aventoerefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 97 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $175–200 miljoen | |
opbringst | $332,2 miljoen | |
prizen | 1 × Annie Award |
The Good Dinosaur is in Amerikaanske bernefantasy-aventoerefilm út 2015 yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre lange tekenfilm. De film stie ûnder rezjy fan Peter Sohn. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Raymond Ochoa en Jack Bright, mei ûnderstypjende byrollen foar û.o. Frances McDormand en Sam Elliott. De titel betsjut "De Goede Dinosaurus". De film ferkent in alternative skiednis (wat as…), wêryn't de dinosauriërs nea útstoarn binne en har nei miljoenen jierren ûntwikkele hawwe ta yntelliginte wêzens dy't yn huzen wenje en oan lânbou en feehâlderij dogge. It ferhaal folget Arlo, in jonge Apatosaurus, dy't fier fan hûs en hiem rekket en in lange tocht troch de wyldernis folbringe moat om wer thús te kommen. Dêrby slút er in ûnwierskynlike freonskip mei in lid fan in soarte dy't troch de dinosauriërs as skealik ûngedierte beskôge wurdt: de minskheid. The Good Dinosaur krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e bioskopen wie it in beskieden kommersjeel súkses, mar troch de mânske marketingkosten kaam de film net út 'e kosten. The Good Dinosaur wurdt sadwaande beskôge as de earste flop fan 'e súksesfolle tekenfilmstudio Pixar.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in alternative skiednis skeart de ynslaner fan Chicxubub, de asteroïde wêrfan't it ynslaan op 'e Ierde 65 miljoen jier lyn it útstjerren fan 'e dinosauriërs feroarsake, ûngefaarlik by de Ierde lâns. De dinosauriërs libje sadwaande gewoan troch. Tsientallen miljoenen jierren letter hawwe se har ûntjûn ta yntelliginte, selsbewuste wêzens dy't huzen bouwe en oan lânbou dogge.
Henry, in Apatosaurus, en syn wiif Ida binne bouboeren dy't in fierhinne selsfoarsjennend bestean libje op harren boerespultsje yn 'e midden fan in bercheftige wyldernis. Ida leit trije aaien, en as dy útkomme, wurde trije jongen berne: Buck, Libby en Arlo. Wylst syn broer en suster frij normale dinosauriërs binne, is de lytse Arlo sa skruten en skrikfallich dat er sels mei de ienfâldichste taken muoite hat. Buck en Libby fertsjinje it al rillegau om har poatôfdruk op 'e muorre fan 'e opslach foar stynske weet sette te meien njonken dy fan Henry en Ida, mar Arlo rêdt it mar net op om in taak sa goed te folbringen dat er dat ek dwaan mei.
Lang om let beslút Henry om Arlo te helpen troch him in hiel ienfâldige taak te jaan. De boeren hawwe lêst fan ûngedierte dat de nôtopslach binnenkringt en it rispe stynske weet opfret. Arlo moat de nôtopslach bewekje en soargje dat der gjin ûngedierte mear yn komme kin. Henry helpt Arlo sels om in fâle op te setten, dêr't de ynkringer mei fongen wurde kin. As it ûngedierte dan fertize yn in net op 'e grûn leit, moat Arlo it mei in kneppel deaslaan en sa it probleem foar iens en foar altyd oplosse. Arlo set fol goede moed útein mei syn taak, mar as it ûngedierte in ferwyldere minskejonkje blykt te wêzen, kin er it net oer syn hert ferkrije om it dea te slaan en lit er it ynstee frij.
Henry is tige teloarsteld yn syn soan as er foar it ferstân kriget wat der bard is. Hy nimt Arlo mei de wyldernis yn om it jonkje te sykjen en dochs noch dea te meitsjen, mar yn in djip ravyn yn 'e bergen wurde se oerfallen troch needwaar. As de rêstich fuortskolferjende rivier oerspield wurdt troch in hommels opkommende floedweach, wit Henry Arlo nei in hege richel op 'e ravynkant te slingerjen, mar sels is er te swier en klim omheech. Fan gefolgen wurdt er troch de floed fuortspield, wêrnei't er ferdrinkt. Neitiid kampt Arlo mei slimme skuldgefoelens oer syn heite dea. Dy besiket er fan him ôf te praten troch te riddenearjen dat it minskejonkje de skuld fan alles is om't hy en syn heit sûnder it jonkje net yn 'e bergen west hiene doe't de floedweach opkaam.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Sûnder syn heit moat Arlo in grutter diel fan it wurk op it boerespultsje op syn skouders nimme. As er op in dei ûntdekt dat it minskejonkje wer yn 'e nôtopslach ynbrutsen hat en dêr de troch de dinosauriërs mei sa'n protte bodzjen sammele itenfoarried foar de kommende winter lytsman makket, ûntstekt Arlo yn razernij. Hy sit it lytse wêzen nei troch de ikkers, mar wannear't er net goed útsjocht, falt er mei it jonkje yn 'e rivier. Arlo rekket yn panyk, en as er de kop stompt oan in rots wurdt er bewusteleas streamôf spield. As er wer by besleur komt, leit er oan 'e igge fan 'e rivier, dy't him withoefier fan hûs útspuid hat. Hy wit net wêr't er is en kin gjin lânskipseleminten fine dy't him bekend foarkomme. It iennichste bekende dat er sjocht, is it minskejonkje, dat blykber op itselde plak út 'e rivier kommen is. Op 'e nij lulk wurdend set Arlo efter it wêzen oan, mar it is him wer te fluch ôf.
Arlo set útein mei it sykjen nei de wei nei hûs, mar by in lytse ierdferskowing komt er mei ien fan syn poaten fêst te sitten ûnder in pear rotsblokken. Hoe't er it ek besiket, hy kin net frij komme. Uteinlik falt er fan klearebare útputting yn 'e sliep. De oare moarns, as er wekker wurdt, blykt de grûn ûnder syn fêstsittende poat fuortgroeven te wêzen, sadat er los komme kin. Arlo hat wol sa'n fermoeden wa't dêr ferantwurdlik foar is, en as it minskejonkje letter oankomt mei iten, is er wis dat er it goed ret hat. Arlo is noch altyd lulk op it wêzentsje, mar as it him beien bringt om syn oanboazjende honger te stiljen, ferjit er syn wrokgefoelens. It jonkje liedt him nei de beiestrûk, dy't bewekke blykt te wurden troch in grutte slange. It jonkje jaget de slange lykwols fuort, ta ferbjustering fan Arlo. Ek de Sammelder, in Styracosaurus dy't oare wêzens sammelet om him te helpen, en dy't it hiele barren sjoen hat, is ûnder de yndruk. Hy wol it jonkje oan syn samling tafoegje, wat Arlo twingt om in beslút te nimmen oer de fraach oft er it jonkje sels net hâlde wol. Arlo beslút fan wol, neamt it jonkje Spot* en set mei him ôf.
*) "Spot" (letterlik: "Plak", Nederlânsk: "Vlek") is in typyske Ingelske hûnenamme, ferlykber mei "Bijke", "Fikky" of "Bello".
Letter foarmje Arlo en Spot in bân as Arlo syn famylje mist. It docht nammentlik bliken dat Spot in wees is waans beide âldelju dea binne. Se tsjogge tegearre fierder, op 'e siik nei de wei nei hûs. As der swierwaar losbrekt, kriget Arlo in flashback nei de dea fan syn heit. Hy rekket yn panyk en draaft fuort, mar Spot fynt him werom troch syn skerpe rooksin te brûken. Se moetsje in groepke pterodaktylen (fleanende dinosauriërs), ûnder lieding fan 'e mei skaaimerken fan in sektelieder bejeftige Tongerklap, dy't op 'e siik binne nei wêzens dy't yn it minne waar ferwûne rekke binne en dêrom in maklike proai foarmje. As de pterodaktylen Spot fersline wolle, naait Arlo mei him út. Tongerklap-en-dy efterfolgje harren mar wurde fuortjage troch Tyrannosaurus rex-broer en -suster, Nash en Ramsey. Dy beiden blike, nettsjinsteande harren uterlik, tige freonlik te wêzen.
Nash en Ramsey binne op 'e siik nei harren heite keppel oeroksen, dy't Nash kwytrekke is. Se nimme Arlo en Spot mei nei harren kamp en harren heit Butch. Arlo biedt oan om Spot mei syn skerpe noas op it spoar fan 'e útnaaide keppel te setten. Yn ruil dêrfoar wol er graach dat Butch-en-dy him meinimme nei it earstfolgjende wetterplak, dêr't er immen hopet te finen dy't wit hoe't er thúskomme moat. Butch nimt it foarstel oan. De oare deis spoart Spot sûnder muoite de keppel oeroksen op, dy't lykwols net útnaaid blykt te wêzen, mar stellen troch in binde Velociraptor-feedieven. Arlo en Spot lokje de fjouwer Velociraptors út harren skûle, wêrnei't Butch, Nash en Ramsey harren oanfalle en fuortjeie kinne. Neitiid jouwe Arlo en Spot harren, lykas ôfsprutsen, by de feedriuwerij. Underweis nei it wetterplak komme se lykwols om in hege berch hinne, en dan sjocht Arlo ynienen yn 'e fierte in oare berch, dy't er weromken en dy't earder efter de neiere berch ferburgen wie. Hy wit dan wat kant oft er út moat om nei hûs en nimt ôfskie fan Butch-en-dy.
Underweis nei hûs sjogge Arlo en Spot yn 'e fierte in folwoeksen minsklike hoalebewenner. Spot toant belangstelling om dy kant út, mar Arlo, dy't oan syn lytse maat begûn is te hingjen, hâldt him tsjin en nimt him mei dêrwei. As se de foet fan 'e bekende berch beklimme, stekt der wer swierwaar op. Se wurde oerfallen troch de pterodaktylen, dy't Spot meiskuorre de loft yn en Arlo oer de râne fan in klif triuwe. Hy kneppelet in hiel ein del, mar syn fal wurdt brutsen troch plantegroei. Wylst er dêr heal yn 'e sûs leit, kriget er in fizioen fan syn heit, dy't him nei hûs liede wol. Arlo stiet eefkes yn twastriid, mar seit dan dat er net mei kin om't er syn freon sykje en rêde moat. Syn heit sjocht mei goedkarring op him del en seit dat er grutsk op him is foar't er ferdizenet en weiwurdt.
Arlo fynt de pterodaktylen werom yn itselde ravyn dêr't syn heit omkommen is. Spot hat him dêr ferskânze yn in holle beam. Arlo weeft ôf mei de pterodaktylen, mar as der in nije floedweach troch it ravyn raast, sjocht er yn dat er Spot nea op 'e tiid berikke kin. Nettsjinsteande dat besiket er it dochs. Se wurde allebeide troch de floechweach fuortspield, streamôf, oer in hege wetterfal hinne. Yn it wetter wit Arlo Spot te berikken, en hy rêdt syn tsjin dy tiid bewusteleaze freon troch him mei te skuorren nei de igge as se foarby de wetterfal yn kalmer wetter bedarje.
Wannear't se mei syn beiden it boerespultsje fan Arlo syn famylje benei komme, ferskynt op in heuvelrâne yn 'e fierte it silhûet fan 'e folwoeksen hoalebewenner wer, dy't diskear beselskippe wurdt troch in frou en twa bern. Arlo beseft no dat er earder egoïstysk west hat troch Spot by syn eigen soarte wei te hâlden, dat hy bringt it jonkje by de oare minsken. Alle leden fan 'e minsklike húshâlding toane grutte belangstelling foar Spot. It jonkje wol nei in earste yn 'e kunde kommen wer nei Arlo ta, mar Arlo triuwt him mei tsjinnichheid werom. Mei syn snút makket er yn 'e grûn in rûnte om Spot en de minsken hinne, ta teken dat se byinoar hearre. As Spot einlings beseft wat Arlo bedoelt, nimme de beide freonen yn triennen ôfskie, foar't Spot mei syn nije gesin ôfset. Arlo, op syn beurt, keart einlings en te'n lêsten werom op 'e pleats, dêr't er mei grutte blydskip ynhelle wurdt troch syn mem, Buck en Libby. Neitiid pleatst er in ôfdruk fan syn poat op 'e muorre fan 'e nôtopslach, tusken de poatôfdrukken fan syn heit en mem yn.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
Arlo, in jonge Apatosaurus | Raymond Ochoa | Svenno van Kleij |
Spot, in jonge minske | Jack Bright | Jack Bright |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise oarspronklike ferzje |
akteur/aktrise Nederlânsk neisyngronisearre ferzje |
heit Henry, in folwoeksen Apatosaurus | Jeffrey Wright | Leo Richardson |
mem Ida, in folwoeksen Apatosaurus | Frances McDormand | Jannemien Cnossen |
Butch, in Tyrannosaurus rex dy't in ranch besit | Sam Elliott | Hero Muller |
Tongerklap, in Nyctosaurus en de lieder fan in binde pterodaktylen | Steve Zahn | Finn Poncin |
Ramsey, in Tyrannosaurus rex en de dochter fan Butch | Anna Paquin | Sanne Wallis de Vries |
Nash, in Tyrannosaurus rex en de soan fan Butch | A.J. Buckley | Niels van der Laan |
Stjalprein, in Caulkicephalus en in lid fan 'e binde fan Tongerklap | Mandy Freund | Donna Vrijhof |
Kjeldfront, in Ludodactylus en in lid fan 'e binde fan Tongerklap | Steven Clay Hunter | Huub Dikstaal |
Buck, in jonge Apatosaurus, Arlo syn broer | Marcus Scribner | Ramon Andriessen |
Libby, in jonge Apatosaurus, Arlos yn suster | Maleah Padilla | Manou Jue Cardoso |
de Sammelder, in Styracosaurus dy't oare wêzens sammelet | Peter Sohn | Gerard Ekdom |
Bubbha, de lieder fan in binde feedievjende Velociraptors | Dave Boat | Murth Mossel |
Lurleane, in Velociraptor en in lid fan 'e binde fan Bubbha | Carrie Paff | Marloes van der Heuvel |
Earl, in Velociraptor en in lid fan 'e binde fan Bubbha | John Ratzenberger | Just Meijer |
Pervis, in Velociraptor en in lid fan 'e binde fan Bubbha | Calum Mackenzie | Frans van Deursen |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2009 krige filmmakker Bob Peterson in idee foar in film mei dinosauriërs yn 'e haadrol en minsken as húsdieren. De film kaam úteinlik The Good Dinosaur te hjitten en waard regissearre troch Peter Sohn. Dyselde wurke nei in senario fan Meg LaFauve op basis fan in ferhaal fan harsels, Sohn, Peterson, Erik Benson en Kelsey Mann. As produsint wie Denise Ream by it projekt belutsen foar de filmstudio's Pixar en Walt Disney Pictures. John Lasseter, Lee Unkrich en Andrew Stanton hiene as útfierende produsinten it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar The Good Dinosaur wie in budget beskikber fan $175 oant 200 miljoen, ôfhinklik fan 'e boarne dy't men leauwe wol. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Mahyar Abousaeedi (kamera) en Sharon Calahan (beljochting), en de filmmuzyk waard fersoarge troch Mychael Danna en Jeff Danna.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan The Good Dinosaur waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjedifyzje fan The Walt Disney Company. De film gie op 10 novimber 2015 yn Parys yn premiêre, en iepene dêrnei op 25 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 21 novimber by platemaatskippij Walt Disney Records. The Good Dinosaur kaam op 23 febrewaris 2016 beskikber as digitale download en waard dyselde deis ek útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige The Good Dinosaur oer it algemien positive resinsjes, û.o. fan Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times, Manohla Dargis fan The New York Times, Joe Morgenstern fan The Wall Street Journal en Justin Chang fan Variety. Net alle resinsinten wiene sa goed oer de film te sprekken. Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times fûn it in "frjemd, tige by tige lomp en dûnker aventoer […], ûngelikens en nuver." Mark Kermode fan 'e Britske krante The Guardian skreau dat The Good Dinosaur wol prachtich is op in sêne-foar-sênebasis, mar "nea in koherint gehiel wurdt, in krúsjale flater foar in film by Pixar, dêr't it ferhaal oars altyd op it earste plak kaam."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Good Dinosaur in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 220 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "The Good Dinosaur leveret alderprachtichste animaasje ôf yn 'e tsjinst fan in weardich ferhaal, dat, sels al kin it de hege standerts dy't troch Pixar set binne net alhiel belykje, dochs noch ynnimlik, famyljefreonlik fermaak opsmyt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Good Dinosaur in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 37 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Good Dinosaur brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $123,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $209,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $332,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $175 oant 200 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $132,2 miljoen. Dêr moatte lykwols noch wol de marketingkosten ôf, en dy wiene blykber sa heech dat Disney, neffens de webside IndieWire, úteinlik foar The Good Dinosaur in ferlies ynboeke moast fan $85 miljoen.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Good Dinosaur waard nominearre foar de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm, mar dy priis gie nei in oare produksje fan Pixar, te witten: Inside Out. The Good Dinosaur waard ek nominearre foar tsien Annie Awards, de wichtichste Amerikaanske prizen foar tekenfilms, mar wûn mar ien, yn 'e kategory bêste animearre effekten yn in animaasjefilm. De film krige fierders nominaasjes foar in Saturn Award, in Satellite Award en in Critics' Choice Award.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan The Good Dinosaur
- (in) Ynformaasje oer The Good Dinosaur yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaanske kompjûtertekenfilm
- Amerikaanske aventoerefilm
- Amerikaanske fantasyfilm
- Amerikaanske bernefilm
- Amerikaanske coming-of-agefilm
- Jeugdaventoerefilm
- Jeugdfantasyfilm
- Fantasy-aventoerefilm
- Alternate history-film
- Ingelsktalige film
- Film fan de Pixar Animation Studios
- Film fan Walt Disney Pictures
- Film fan Peter Sohn
- Film út 2015
- Film oer dinosauriërs
- Film oer freonskip
- Film oer heiten en soannen
- Film oer memmen en soannen
- Film oer bruorren
- Film oer bruorren en susters
- Film oer de prehistoarje