[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Teodoarik de Grutte

Ut Wikipedy
Teodoarik de Grutte

Teodoarik de Grutte of ek wol Diderik de Grutte (45430 augustus 526) wie kening fan de Ostrogoaten. Nei de dea fan syn heit Teodemir yn 474 nom hy it leiderskip oer fan syn folk en regearre oant syn dea. Under keizer Zeno wie hy generaal en dizze beneamde him yn 484 ta konsul. Yn opdracht fan Zeno oermastere hy Itaalje en stifte der in Ostrogoatysk ryk. Hy besocht de Romeinske befolking te assimilearjen yn syn eigen fan oarsprong Germaansk folk, mar slagge der net yn.

In grut part fan syn jeugd brocht Teodoarik troch as gizeler oan it hof yn Konstantinopel. Hjirmei hie de East-Romeinske keizer Leo I fêstichheid dat Teodoarik syn heit it fouderaty-ferdrach mei de keizer respektearje soe. Hy learde tidens dizze perioade oan it hof in soad oer de Romeinske gebrûken en kriichskunde. As jongkeardel die Teodoarik mei oan de ferskate kriichstochten dy't syn heit hâlde. Yn 469 behellen sy in oerwinning op de Gepiden yn de Karpaten oan de Bolia. Moesia waard troch harren beset yn 471 en Teodoarik sels liede in tal fjochterijen tsjin Teodoarik de Aldere. Fierders foel Teodoarik letter as generaal fan de East-Romeinen in pear kear Itaalje yn.

De Ostrogoaten oermasterje Itaalje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ostrogoatysk Ryk yn Itaalje

Yn 476 hie it Germaanske stamhaad Odoaker de lêste West-Romeinske keizer ôfsetten en himsels as kening fan Itaalje ûtroppen. Dizze Odoaker stjoerde de keizerlike tekens nei de keizer fan it easten Zeno fan Byzantium yn Konstantinopel, wêrmei Odoaker him feitlik deljoech oan Zeno. It westlik diel fan it Romeinske ryk krige gjin nije keizer en hâlde op te bestean.

De relaasje tusken Odoaker en keizer Zeno gong lykwols hurd efterút en de keizer besocht Odoaker fuort te krijen. Fierder hie Zeno ek syn nocht fan de Ostrogoaten yn syn ryk en dêrom joech hy yn 488 opdracht oan Teodoarik om mei syn kriichsmacht Itaalje yn te fallen. Teodoarik besocht it ferskate kearen, mar waard hieltyd fuort dreaun troch de legers fan Odoaker. Lang om let krige hy it toch foar mekoar om fêste foet te krijen yn Itaalje. Diskear slagge hy deryn om de troepen fan Odoaker te ferslaan, foar it earst yn augustus, oan de Isonzo, en letter, yn septimber by Ferona. Lang om let oermastere Teodoarik yn 493 de haadstêd Ravenna en makke in ein oan de macht fan Odoaker. Persoanlik brocht hy Odoaker om it libben.

Doe't Teodoarik Odoaker ferlein hie, stifte hy sels in keninkryk yn Itaalje. Dit ryk strekte har út fan Sisylje oant Pannoanje. Nettsjinsteande syn Germaanske komôf waard Teodoarik sawol troch de Romeinen as de Goaten as kening erkend. Yn Teodoarik syn ryk libbe elts folk ûnder har eigen wetten.

Relaasje mei oare Germaanske foarsten en folken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teodoarik ferstevige syn machtsbasis yn Itaalje en soarge der foar dat syn Romeinske ûnderdienen it goed hienen. Ek bleau syn bân mei de Romeinske keizer yn Konstantinopel yntakt. Sa stadichoan waard hy hieltyd machtiger. Hy makke syn grinzen feilich troch it smeien fan houliksbânnen mei de Itaalje hinne wenne folken. Syn suster Amalafrida troude mei Thrasamund, kening fan de Fandalen en Teodoarik sels wie troud mei Audofleda, de suster fan kening Klovis I fan de Franken. De ienige Germaanske folken dêr't er gjin ynfloed op hie wienen de Franken en de Fandalen.

Yn 507 sneuvele kening Alarik II fan de Fisigoaten yn de slach fan Fouillé tsjin de Franken. Alarik waard opfolge troch Amalarik, mar dizze wie noch minderjierrich, wêrtroch Teodoarik regint foar de jonge kening waard. Troch de nederlaach by Vouillé ferlearen de Fisigoaten it besit fan Akwitaanje oan de Franken. Allinnich Septimaanje koenen sy fêst hâlde. Dit wie te tanken oan it yngripen fan Teodoarik.

Dea en neilitenskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Greftombe fan Teodoarik de Grutte

Op 30 augustus 526 stoar Teodoarik. Syn dochter, Amalasuntha folge him op as keningin fan de Ostrogoaten. Sy wie lykwols net by steat om it ryk byinoar te hâlden en de Roomske Romeinen en de Ariaanse Ostrogoaten woeksen útinoar. Dy ûntwikeling sette de East-Romeinske keizer Justinianus der ta om de Ostrogoaten de oarloch te ferklearjen. Om 550 hinne wie it hiele ryk sawat ferneatige. Teodoarik syn lange regear hie der wol ta bydroegen de Romeiske kultuer fan Itaalje te bewarjen. It mausoleum fan Teodoarik de Grutte is noch hieltyd te besjen yn Ravenna.