[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Ted Hughes

Ut Wikipedy
Earbetoan Ted Hughes, troch Reginald Gray

Edward James (Ted) Hughes (Mytholmroyd, Yorkshire, 17 augustus 1930North Tawton, Devon, 28 oktober 1998) wie in Ingelsk dichter en skriuwer fan berneboeken.

Ted Hughes wie de soan fan de William Henry en Edith.

Hughes studearre Ingelsk, antropology en archeology yn Cambridge. Yn dy snuorje moete er syn lettere frou, de Amerikaanske dichteres Sylvia Plath op in feest. Sy trouden yn 1956 en gienen yn 1962 by elkoar wei. Plath die harsels tekoart yn 1963, hja wie doe 30 jier.

Oer Plaths selsmoard en Hughes' mooglike ferantwurdlikheid dêrfoar waard en wurdt noch spekulearre (benammen yn feministyske rûnten)[1][2] . Ted Hughes waard nei har dea eigner fan Plaths literêre erfgoed. Hy hâlde alle postume publikaasjes sekuer yn de gaten en ferneatige in part fan har deiboek dat de oantins fan harren lêste trije jier tegearre befette.

Yn 1969 makke Assia Wevill, dy't doe Hughes syn freondinne wie, ek in ein oan har libben (nota bene op deselde wize as Plath), nei earst harren dochterke fan fjouwer Alexandra deadien te hawwen.

Yn 1970 troude Hughes mei ferpleegster Carol Orchard. Sy bleaune troud oant Hughes' dea yn 1998. Hy soar oan de gefolgen fan leverkanker.

Hughes wtrdt beskôge as ien fan de bêste dichters fan syn generaasje, hoewol't guonts twifelje oer sawol syn technyk as yntellekt.[3] Nei it ferstjerren fan John Betjeman waard er yn 1984 beneamd ta Poet Laureate, in beneaming dy't er krige hawwe soe neidat Philip Larkin wegere hie omdat dy him der literêr net mear by steat ta fielde.

Syn earste gedichtebondel, The Hawk in the Rain (1957), krige in soad omtinken. Syn wurk is yn dy tiid bot op de natuer rjochte, dy't sjoen wurdt as hurd en ûnmeilydsum en dêr't de minske mei syn dierlike eigenskippen mar in part fan is.
De Galbraith Prize wûn er yn 1959.

Letter stiet syn wurk mear yn de bardtradysje en ûndersiket er de myte en it tsjustere ûnderbewustwêzen, dêrfan is "Crow" út 1970 ien fan de meast wichtige. Yn Tales from Ovid (1997) jout er de lêzer in kar út frije oersettingen fan de Metamorphoses fan Ovidius.

Yn Birthday Letters (1998) ferdúdlike er lang om let it tal mystearjes rûnom syn yngewikkelde ferhâlding mei Sylvia Plath en har dea. It is in werjefte fan syn hâlden en dragen út dy tiid en Hughes lit ek in stikmannich aspekten fan harren relaasje sjen. It boek waard bekroane yn it jier fan útjefte mei de 'Forward Poetry Prize' foar de bêste bondel. It gedicht Last letter, dat oktober 2010 foar it ljocht kaam, beskriuwt wat er barde yn de trije dagen foar de dea fan Plath.

Njonken gedichten en berneboeken skreau Hughes operalibretto's. Op syn boek The Iron Man basearre Pete Townshend de rockopera mei deselde namme. Ek de animaasjefilm 'The Iron Giant' wie op dat boek grûnfêste. Teffens redigearre er ferskate karlêzingen.

In 2003 ferskynde postúm de 'Collected Poems', mei al Hughes syn gedichten.

Kar út bibliografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • (1957) The Hawk in the Rain
  • (1960) Lupercal
  • (1967) Wodwo
  • (1968) The Iron Man
  • (1970) Crow
  • (1977) Gaudete
  • (1979) Moortown Diary
  • (1979) Remains of Elmet
  • (1986) Flowers and Insects
  • (1989) Wolfwatching
  • (1992) Rain-charm for the Duchy
  • (1994) New Selected Poems 1957-1994
  • (1997) Tales from Ovid
  • (1998) Birthday Letters
  • How the Whale Became
  • Meet my Folks!
  • The Earth Owl and Other Moon-people
  • Nessie the Mannerless Monster
  • The Coming of the Kings
  • The Iron Man
  • Moon Whales
  • Season Songs
  • Under the North Star
  • Ffangs the Vampire Bat and the Kiss of Truth
  • Tales of the Early World
  • The Iron Woman
  • The Dreamfighter and Other Creation Tales
  • Collected Animal Poems
  • Shaggy and Spotty
  • Bell, Charlie. Ted Hughes (2002. Hodder and Stoughton)
  • Dirda, Michael. Bound to Please (sd 17–21). (2005. W. W. Norton)
  • Feinstein, Elaine. Ted Hughes: the life of a poet. (2001. W. W. Norton)
  • Gammage, Nick (ed.) The Epic Poise: a celebration of Ted Hughes (1999. Faber and Faber)
  • Hadley, Edward. The Elegies of Ted Hughes (2010. Palgrave Macmillan)
  • Rees, Roger (ed.) Ted Hughes and the Classics (2009. Oxford University Press)
  • Roberts, Neil. Ted Hughes: a literary life (2006. Palgrave Macmillan)
  • Sebastian Carter, 'The Rainbow Press', in Parenthesis; 12 (2006 novimber), s.32-35
  • Sagar, Keith. The Art of Ted Hughes (1978. Cambridge University Press)

De Nederlânske skriuwster Connie Palmen skreau yn 2015 de roman "Jij zegt het", in sabeare-autobiografy fan Ted Hughes oer syn ferhâlding mei Sylvia Plath.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Poetry Foundation profile
  2. "Unknown poem reveals Ted Hughes' torment over death of Sylvia Plath". The Guardian. 6 oktober 2010
  3. Who's Who in Literature (Londen: Weidenfeld and Nicolson, 1976) fan Martin Seymour-Smith: "Hughes has always been overrated but as a young man he combined a certain raw power with a simple-minded but sincere dedication to the project of becoming a major poet (..) His technique was poor and has since deteriorated (...) The points that admirers of his cruelty want to miss are that, for a poet who all too clearly intends to deal with 'profound' themes, both his technique and intellect are deficient. This became fully evident in Crow (1970) ... with its apparently impressive outbursts of linguistic violence (the writer's ear for vowels is extraordinarily lax)." (s. 167).