Teudis
Teudis (Goatysk: Þiudeis; ± 470 - Sevilla, juny 548) wie yn it tiidrek fan 531 oant 548 kening fan de Fisigoaten yn Spanje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Teudis wie net fan Fisigoatyske komôf, mar in Ostrogoat fan berte. Hy wie in eardere kommandant út it leger fan Diederik de Grutte út Itaalje. Hy folge Amalrik op, dy't yn in fjildslach tsjin de Frankyske kening Gildebert I sneuvele wie. Teudis hie in sterke affiniteit mei de Romeinske polityk. Sa wie er troud mei in Romeinske frou en joech himsels de bynamme Flavius. Foar in diel wie dat foar de pronk mar it wie ek in politike maneuvre fan him: Teudis hope op dizze wize in link mei it ferneamde Romeinske laach de Flavii te suggerearjen om sadwaande syn machtsposysje tsjinoer it East-Romeinske Ryk te fersterkjen. Under syn bewâld waard de haadstêd ferfearn fan Narbonne nei Barselona.
De measte politike problemen tidens syn bewâld wienen lykwols mei de Franken. Under Gildebert I en Klotarius I hienen de Franken hiel bot oan macht wûn, û.o. troch de oermastering fan it Boergondyske Ryk yn Galje. Yn 541 foelen sy it territoarium fan de Fisigoaten oan yn Spanje. Dy oanfal waard lykwols sûnder sukses op Saragossa dien en Teudis slagge deryn de Franken werom te driuwen. It gefaar fan bûten wie dêrmei net ferdwûn. It East-Romeinske Ryk dat dwaande wie om syn âlde geografyske grinzen te werstellen hie de Fandalen yn Noard-Afrika ferneatige en syn oandacht fêstige op de Germaanske steat fan de Eastrogoaten op Italjaanske boaiem. De militêre steunpunt fan de Fisigoaten yn Noard-Afrika (Seuta) gong ferlearn en de Fisigoaten moasten militêre stipe jaan oan har buorfolk de Ostrogaten.
Yn 548 waard Teudis fermoarde troch in gearspannen fan de Goatyske opposysje ûnder lieding fan Teudigisel, dy't de nije kening waard.