[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Tobol

Ut Wikipedy
It Ob-Irtysjstreamgebiet mei lofts de Tobol
De Tobol yn Tobolsk yn 1912, foto fan Sergej Prokûdin-Gorsky)
It ôfwetteringsgebiet fan de Tobol

De Tobol (Russysk: Тобол, Kazachsk: Тобыл; Tobıl) is in rivier fan 1660 km langte yn Kazachstan en Ruslân en in linkersydrivier fan de Irtysj (streamgebiet fan de Ob). De Tobol ûntspringt oan de eastlike útrinners fan de Sudlike Oeral yn de Russyske oblast Orenburg en streamt dêr wei nei it noardeasten oer it Toergai-Plato de grins oer nei Kazachstan. Dêr rint de Tobol nei sân keardamen sa'n 320 kilometer fierderop de stêd Ruwdnıy op it West-Siberysk Leechlân foarby en dêrwei werom nei Ruslân troch de oblasten Koergan en Tjoemen om by Tobolsk yn de Irtysj út te mûnjen.

It oerflak fan it ôfwetteringsgebiet fan de Tobol beslacht 426.000 km2. De ûnderrin fan de rivier befriest ein oktober, begjin novimber en de boppenrinnen yn novimber. Twadde helte fan april oant ier yn maaie, ûntteit de rivier wer. De Tobol is 437 kilometer fan har útmûning ôf befarber.

Sydrivieren:

Stêden oan de Tobol

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]