Wynmotor Ferwert
Appearance
De Wynmotor Ferwert is in poldermûne tichtby Ferwert, it haadplak fan de eardere gemeente Ferwerderadiel. De mole mei in flecht fan 2 meter is in lytse Amerikaanske wynmotor, wêr't it boujier ûnbekend fan is. Hy stiet sawat in kilometer besuden Ferwert oan de wei nei it eardere kleaster Foswert. De wynmotor is net mealree en stie der yn 2008 ferfallen by. Hy is net iepene foar publyk, mar kin oant in pear meter beneiere wurde.