[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Winnipegosismar

Ut Wikipedy
Winnipegosismar
geografy
type wetter mar
lokaasje midden fan Noard-Amearika
lân Kanada
provinsje Manitoba
koördinaten 52°30′N 100°00′W
sifers
maks. lingte 195 km
maks. breedte 51 km
oerflak 5.370 km²
djipste punt 12 m
kaart
Winnipegosismar (Manitoba)
Winnipegosismar
Lokaasje yn 'e Kanadeeske provinsje Manitoba.

De Winnipegosismar (Ingelsk: Lake Winnipegosis; Frânsk: Lac Winnipegosis), is in grut binnenwetter yn it sintrale diel fan it Noardamerikaanske kontinint, en de op ien nei grutste fan 'e mear as 110.000 marren yn 'e Kanadeeske provinsje Manitoba (nei de Winnipegmar). It hat in oerflak fan krapoan 5.400 km² en in djipste punt op 12 m ûnder it wetteroerflak.

De Winnipegosismar hat in langwerpige foarm, wêrby't de beide úteinen rûchwei nei it noarden en suden wize. Op it langste punt mjit de mar 195 km en op it breedste 51 km. In gebiet fan hast 50.000 km² wetteret yn 'e Winnipegosismar ôf, en giet dêrwei streamôf troch de rivier de Waterhen, fia de Manitobamar en de Winnipegmar, en úteinlik troch de rivier de Nelson rjochting de Hudsonbaai.

Foarhinne waard de Ingelske namme ek wol skreaun as Lake Winipigoos of Lake Winipigis, mar dy staveringsfoarmen binne no sa stadichoan útstoarn. De namme "Winnipegosis" is in ferlytsingsfoarm fan "Winnipeg", dat "dridzich wetter" betsjut; sadwaande kin "Winipegosis" dus oerset wurde as "dridzich wetterke" of "lyts dridzich wetter".

De Winnipegosismar is ferneamd om 'e kommersjele fiskerij op breedbekbears en oare soarten swietwetterfisk, lykas snoek en harder, dy't tsjintwurdich mear as 80% fan 'e fangst útmeitsje. Teffens is it in trekpleister foar trekfûgels, en sadwaande komme der by 't hjerstmis ek altyd in protte jagers op 'e mar ôf.

De Winnepegosismar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.