[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Wilhelmina (mûne)

Ut Wikipedy
De Hoop
mûne / mole
lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Grins
plak Noorderhoogebrug
adres Molenstreek 1
koördinaten 53°14'N 6°34'E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 23,08 m
boujier 1907
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 18762 [1]
Webside
Side fan de mûne
Kaart
Wilhelmina (Grins)
Wilhelmina

De Wilhelmina is in nôtmûne yn it doarpke Noorderhoogebrug oan 'e râne fan 'e stêd Grins.

De foargonger fan 'e hjoeddeiske stellingmûne is yn 1906 ôfbaarnd. Dat wie de nôt- en pelmûne "De Hoogebrug". In jier letter waard in nije nôt- en pelmûne boud, werby't ûnderdielen fan 'De Leeuw' út Sappemeer brûkt waarden. De pelstiennen binne dêrnei al rillegau ferwidere en de mûne bleau doe as nôtmûne mei trije koppel mealstiennen yn bedriuw. Yn 1947 kaam der troch in stoarm in ein oan it meallen op 'e wynkrêft.

In jier letter waard de mûne ferkocht oan 'e mûnder W.B.J. van Wijngaarden en it slagge de nije eigner yn 1963 om de mûne te restaurearjen. Yn it ramt dêrfan feroare ek de namme fan 'De Leeuw' yn 'Wilhelmina', de namme fan 'e frou fan 'e mûnder. Yn 1972 rekke de mûne wer skeind troch in stoarm. Nei in grutte restauraasje is de mûne sûnt 1982 regelmjittich op frijwillige basis yn bedriuw.

It wjukkekrús mei selsswichting waard yn 'e jierren 1990 nei in stoarm fernijd. Under yn 'e mûne is in winkeltsje, dêr't produkten fan 'e mûne kocht wurde kinne.

Jierren hat de mûne mei in flecht fan goed 23 meter eigendom west fan de 'Molenstichting Hunsingo en Omstreken', tsjintwurdich is de eigner de 'Stichting De Groninger Poldermolens'.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: