[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Wendy Whoppers

Ut Wikipedy
Wendy Whoppers
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Tommy Tatas, Tommy's Tatas
echte namme ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 13 augustus 1970
berteplak St. Louis (Missoury)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 19921998
offisjele webside
gjint

Wendy Whoppers, echte namme ûnbekend (St. Louis, 13 augustus 1970), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Angelsaksysk Amerikaansk etnysk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Tommy Tatas of Tommy's Tatas. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har pornokarriêre 1.56 m, mei in gewicht fan 44 kg. Se stie doedestiden benammen bekend om har grutte boarsten.

Wendy Whoppers is hikke en tein yn St. Louis, yn 'e yn 'e steat Missoury. Se wie de middelste yn in gesin mei trije bern (se hat in broer en in suster), en blonk op 'e middelbere skoalle út om't se goed leare koe. Yn in fraachpetear hat se oanjûn dat se foar it earst mei in jonge op bêd gie doe't se fyftjin jier wie. Fuort nei't se yn 1988 mearderjierrich wurden wie, begûn se yn stripklubs te wurkjen as stripper, wêrby't se yn 't earstoan nammen as April en Lacey brûkte.

Fan in oarspronklike kup 34B liet se fan 1989 ôf har boarsten by fjouwer operaasjes stapsgewiis fergrutsje ta kup 50EE. Har úteinlike ymplantaten wiene makke fan ien pûde mei 1.000 cc silikoanen en in twaddenien mei 2.000 cc sâltoplossing. Mei sokke ûnbidige boarsten waard se al rillegau in stjer yn it stripsirkwy. Se gie op toernee by stripklubs yn hiel Noard-Amearika lâns, en einige as sechsde yn 'e Miss Nude Galaxy-skientmewedstryd.

Yn 1992, doe't se 22 jier wie, makke se har debút as pornoaktrise yn 'e film Palm Springs or Bust. Dêrnei spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 72 pornografyske films, foar't se yn 1994 alwer ophold mei dat soarte wurk. Wol makke se oant 1998 noch filmkes foar har persoanlike webside (dy't sûnt opheft is). Yn dy relatyf koarte tiid waard se in stjer fan it grutte-boarstesjenre fan 'e pornografy, yn 'e mande mei kollega's as Lisa Lipps en Tiffany Towers.

Njonken har aktearkarriêre posearre se ek foar in ferskaat oan neakenblêden, lykas Score, Hustler's Busty Beauties, Gem, D-Cup, Bust Out!, Juggs, Fox en Big Top. Fierders makke se har opwachting yn ferskillende praatprogramma's op 'e Amerikaanske tillefyzje, wêrûnder dy fan Montel Williams, Danny Bonaduce en Richard Bey. Nei't se har út 'e pornoyndustry weromloek, hat Whoppers har boarsten wer ferlytsje litten. Se is de mem fan twa soannen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.