[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

We Will Rock You (liet)

Ut Wikipedy
We Will Rock You
algemiene ynformaasje
artyst Queen
album News of the World
taal Ingelsk
sjenre Rock,
Hardrock
útbrocht 7 oktober 1977
opnommen 1977
doer 2:02
label EMI
skriuwer Brian May
produsint Queen,
Mike Stone

We Will Rock You is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1977 en útbrocht op it album News of the World út 1977. We Will Rock You wie it earste nûmer op it album en waard op 7 oktober 1977 útbrocht as B-kânt fan de single We Are the Champions.

De orizjiele útjefte fan it nûmer, yn 1977, wurdt ek wol sjoen as in dûbelde A-kant mei We Are the Champions. Dizze single helle wrâldwiid súkses. Yn Nederlân berikte de single it twadde plak yn de Top 40. Beide nûmers binne populêr by grutte sporteveneminten.

By liveoptredens fan Queen waard We Will Rock You faak as ôfsluter spile tegearre mei We Are The Champions en God Save the Queen. Ek is in oantal konserten iepene mei in hard rock ferzje fan it nûmer. By it Jeropeesk kampioenskip fuotbal in 1992 en it WK fuotbal yn 1994 is yn Nederlân in live-ferzje fan We Will Rock You/We Are The Champions útbrocht. Yn 1992 waard it tolfte plak yn de Nederlânske Top 40 berikt, yn 1994 it 32e.

Ferskillende ferzjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]