[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

World Fantasy Award

Ut Wikipedy
World Fantasy Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar fantasyliteratuer
útrikt troch World Fantasy Convention
frekwinsje 1x jiers
datum oktober/novimber
plak [ferskilt per jier]
ynsteld 1975
offisjele webside
www.worldfantasy.org/awards/

De World Fantasy Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier útrikt wurde foar de bêste fantasywurken fan it foargeande jier. De útrikking is yn 'e hannen fan 'e organisaasje fan 'e World Fantasy Convention, dy't elts jier op in oare lokaasje yn 'e (Ingelsktalige) wrâld plakfynt. De World Fantasy Awards waarden yn 1975 ynsteld as wjergader foar it fantasysjenre fan 'e mear op science fiction rjochte Hugo en Nebula Awards.

De World Fantasy Awards wurde útrikt yn njoggental kategoryen: bêste roman, bêste novelle, bêste koarte fiksje, bêste ferhalebondel, bêste blomlêzing (fan koarte fiksje), bêste omslachartyst, twa spesjale prizen foar lju dy't warber binne foar it fantasysjenre (ien foar in berops en ien foar in amateur) en fierders noch ien of mear oeuvreprizen. De winners wurde útornearre troch in profesjonele sjuery, mar fans wurde belutsen by it selektearjen fan 'e nominearre kandidaten foar eltse priis. Under de winners fan 'e prizen wiene yn it ferline skriuwers as Stephen King, Roald Dahl, Tanith Lee, Orson Scott Card, Ursula K. Le Guin, George R.R. Martin, Andre Norton, Marion Zimmer Bradley, Jo Walton en Lois McMaster Bujold, en útjouwers as Donald A. Wollheim en Betsy Mitchell.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.