[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Work Song

Ut Wikipedy

In Work song wie eartiids de fokale begelieding troch de wurklju by ienfâldich, ientoanich en swier wurk. Dizze lietfoarm wie in soarte fan treast foar it hurde, slaafske wurk dat de wurklju dwaan moasten. De teksten binne faak in belofte op bettere tiden: "Noch eefkes de misêre ferdrage en dan komt der wer eat dat de muoite wurdich is: in goed miel, in flesse sterke drank ensfh." In soad work songs hiene in "shout and response" struktuer. In foarsjonger brocht yn ien sin wat nei foarren, wêrop de rest fan de groep dan respondearre.

Foarbyld
Foarsjonger: I think I smell a fine roast pig,
Refrein: Shuck dat corn before you eat.

Ut de tiid fan de slavernij yn Amearika binne nochal wat teksten oerbleaun. Yn guon betide ientoanige bluesnûmers is de ynfloed fan de Work song noch goed werom te finen.

Work songs song troch seelju tusken de 18e en 20e iuw wurde sjantys neamd.