[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Riedhûs fan Flylân

Ut Wikipedy
Riedhûs fan Flylân
bouwurk
lokaasje
Gemeente Flylân
plak East-Flylân
adres Dorpsstraat 148
bysûnderheden
type bouwurk Riedhûs
boujier 1855
boustyl Neoklassisisme
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 37570

It eardere Riedhûs fan Flylân is, sa 't de namme it al seit, it âld riedhûs fan de Nederlânske gemeente Flylân. It riedhûs waard yn 1855 boud as ferfanging fan it riedhûs út 1598. It pân waard op 7 juny 1967 ynskreaun as ryksmonumint. Yn 2001 waard it hjoeddeistige pân ferkocht oan de Feriening Hendrick de Keyser. Dy hat it yn 2005 restaurearje litten, eat dat yn 1952 ek al troch de gemeente dien wie.

It pân is yn de neoklassisistyske styl boud. Twa gevelstiennen heuge noch wol oan it âlde riedshûs: in stien mei it jiertal 1598 en in stien mei it wapen fan Flylân der op. It riedhûs hat in dwers pleatst skylddak mei op 'e hoeken skoarstiennen. It dak hat in klokketuorke mei dêrop in wynwizer yn de foarm fan in skip.

De boargemasterskeamer sit oan de linkerkant fan it pân en de riedseal oan de rjochterkant. Yn de riedseal is in wytmarmeren skou pleatst, dit is de orizjinele skou en is by in restauraasje yn 2004 fannijs pleatst. Ynwindich is it riedhûs ferbûn mei de doarpsskoalle derneist.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: