Reginald Fessenden
Reginald Fessenden | ||
Reginald Fessenden | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Reginald Aubrey Fessenden | |
nasjonaliteit | Kanadeesk | |
berne | 6 oktober 1866 | |
berteplak | Bolton-Est | |
stoarn | 22 july 1932 | |
stjerplak | Flatts Village | |
wurkpaad | ||
berop/amt | yngenieur | |
aktyf as | útfiner | |
reden bekendheid |
grûnlizzer fan de moderne radiotechnology |
Reginald Aubrey Fessenden (Bolton-Est, Quebec, 6 oktober 1866 – Flatts Village, Bermuda, 22 july 1932) wie in Kanadeesk yngenieur en útfiner. Hy wurdt beskôge as de grûnlizzer fan de moderne radiotechnology meidat er de metoade fan amplitudemodulaasje (AM) ûntduts. It grutste part fan syn wurk died er yn 'e Feriene Steaten en hy makke ek oanspraak op it Amerikaanske steatsboargerskip fanwegen syn yn Amearika berne heit. [1]
Hy ûntfong yn syn libben sa'n 500 patinten op ûnderskate mêden, benammen oangeande radio en sonar. Ta syn prestaasjes hearden de earste útstjoering fan spraak fia de radio (1900) en de earste radiotelegrafyske kommunikaasje yn twa rjochtingen oer de Atlantyske Oseaan (1906). Yn 1932 melde er dat er ein 1906 ek de earste radio-útstjoering fan amusemint en muzyk makke, hoewol 't in tekoart oan ferifiearbere details laat hat ta twivels oer dy bewearing.
Earbetoan
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Kanadeeske regear, fertsjintwurdige troch de minister dy't ferantwurdlik wie foar de Historic Sites and Monuments Board of Canada, eare Fessenden foar syn wurk op 20 maaie 1943 en ferklearre him ta "Person of National Historic Significance". [2]
Fessenden syn hûs yn Newton, Massachusetts stiet sûnt 1976 op de list fan National Historic Landmarks yn it National Register of Historic Places ûnder de namme Reginald A. Fessenden House.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Reginald Fessenden fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|