[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Robrecht I fan Flaanderen

Ut Wikipedy
Robrecht de Fries
Robrecht I fan Flaanderen
Robrecht d'n Frys
libben
berne1030
Kassel
ferstoarn13 oktober - 1093
heitBaldwyn V fan Flaanderen
memAdela fan Mesen
houlik
datum? - 1063
partnerGeertruida fan Saksen
bern1 - Robrecht II
Greve fan Flaanderen
perioade1071 - 1093
foargongerArnulf III fan Flaanderen
opfolgerRobrecht II
Greve fan Hollân en Seelân (regint)
perioade1063 - 1093
foargongerGeertruida fan Saksen
opfolgerDurk V
Hûs Flaanderen

Robrecht I d'n Frys 1030Kassel 13 oktober 1093) wie greve fan it greefskip Flaanderen fan 1071 oant syn dea en regint fan it Greefskip Hollân nammens de minderjierrige Durk V.

Famylje-omstannichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Robrecht de Fries wie de twadde soan fan greve Baldwyn V fan Flaanderen en Adela fan Mesen, keninginne fan Frankryk. Nei syn houlik mei Geertruida fan Saksen, widdofrou fan greve Floaris I fan Hollân, yn 1063, fêstige hy him yn Hollân, neidat hy fan syn oanspraken op Flaanderen ôfstân dien hie. Flaanderen kaam doe yn hannen fan syn neef Arnulf fan Flaanderen, soan fan syn âldere broer Baldwyn VI.

Robrecht troude mei de suster fan Arnulf, Mathilda fan Flaanderen út oan de hartoch fan Normanje, Willem de Oermasterder, dy’t yn 1066 Ingelân oermastere.

Striid mei Richilde om Flaanderen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it ferstjerren fan Baldwyn kaam it ta spul tusken de grevinne-widdo Richelda fan Henegouwen en har beide soannen Arnulf en Baldwyn. De famyljefete, mei as ynset it Greefskip Flaanderen, soe einigje yn de Slach by Kassel op 22 febrewaris 1071. Robrecht de Fries wûn en Arnulf III sneuvele. Richelda en har soan Baldwyn moasten harren nei it ferliezen fan de slach tefreden stelle mei it Greefskip Henegouwen.

Mar Arnulf III wie al erkend as Greve fan Flaanderen troch syn lienhear de Frânkse kening Filips I en hy hie stipe krigen fan Willem de Oermasterer, dy’t tuskentiids kening fan Ingelân wurden wie. De dea fan Arnulf soarge derfoar dat Robrecht net botte populêr waard by de Frânske keningen en ek net by de Paus.

Richilde koe him by it ferlies net dellizze. It testamint fan har man hie bepaald dat by it ferstjerren fan ien fan harren soannen, de oerbliuwende soan, it greefskip fan de ferstoarne soan ervje soe. Dus Baldwyn wie neffens testamint de greve fan Flaanderen. Richilde krige hjirby stipe fan de Frânske kening Filips I, dy’t Baldwyn erkende as de rjochtmjittige greve fan Flaanderen. Om-ende-by in moanne nei de nederlaach by Kassel gie Richilde mei in Henegousk en Frânsk leger de striid oan mei Robrecht de Fries. Sint-Omaars waard plondere en platbaarnd. Robrecht moast him ferdigenje en helle in tûke diplomatike stunt út. Hy hie yn Kassel Eustachius, greve fan Boelonje, finzen nommen. Dit wie de broer fan Godfried, biskop fan Parys en kânselier fan Filips I. Godfried die in goed wurdsje by de Frânske kening en Robrecht liet Eustachius frij. De kening wie hjir bliid mei en soe Richilde net langer stypje. Se leinen it skeel by. De Frânske kening joech yn 1073 syn styfdochter Bertha fan Hollân wei as frou oan Robrecht.

Robrecht kaam ek wer yn in goed bledsje by de Paus. Hy boude in 30-tal tsjerken en kapellen, allegear wijd oan de hillige Petrus.

Mar Richilde wie der noch hieltyd net klear mei. Sy slagge deryn om in ferbûn te foarmjen mei de fijân fan Robrecht de Fries. Dat wienen de biskop fan Luik, Godfried III mei de Bult, hartoch fan Neder-Lotharingen, mei Willem I, biskop fan Utert, en mei de biskoppen fan Verdun en Cambrai en ek mei de aartsbiskop fan Keulen. Hjirom wie Richilde ree om fazal te wurden fan de biskop fan Luik. De oare partijen krigen djoere geskinken.

Robrecht de Fries koe opnij in fjildslach foarkomme troch in gesant te stjoeren nei de Dútske kening Hindrik IV. Dizze joech de kening in boadskip fan Robrecht de Fries mei de fraach oft de Dútske kening Flaanderen as greefskip befêstigje woe foar Robrecht. Yn ruil derfoar soe Robrecht de kening militêr stypje. Op dat momint siet Hindrik IV sels yn de knipe. Hy hie spul mei Paus Gregorius VII en koe alle stipe goed brûke. Hy akseptearre it oanbod fan Robrecht en erkende him as greve fan Flaanderen. Sa kaam der oan it ferbûn fan Richilde mei bûnsmaten sûnder slach of stjit in ein.

Richilde bleau neitinken oer wraak en foel mei in Henegousk leger Flaanderen yn. Robrecht gong yn de tsjinoanfal en plondere Henegouwen. Hy ferplettere it lytse leger fan Richilde. Nei de frede, dy’t letter ferbrutsen waard, kaam Dowaai by it greefskip Flaanderen.

Striid tsjin de biskop fan Utert

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tegearre mei syn styfsoan Durk V fan Hollân stried hy mei súkses tsjin it gesach fan de biskop fan Utert. Neffens ûnbefestigde boarnen soenen sy tegearre de moard begean op Godfried mei de Bult. Hy is speetst op in izeren stêf. Uteinlik slagge sy deryn de earder ferlerne gebieten fan it Greefskip Hollân opnij te bemasterjen.

Belutsen by de Ingelske troan

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kontakten mei de Ingelske kening Willem de Oermasterer wienen net freonskiplik. Dizze hienen doetiids sels in kontingint Normandjers stjoerd om Richilde te stypjen yn har striid tsjin Robrecht. Robrecht stipe de oanspraken fan syn skoanheit Knoet IV fan Denemarken op de ferlerne Ingelske troan. Tegearre soene se in float fan 1600 boaten nei Ingelân stjoere. It kaam lykwols nea sa fier, fanwege spul tusken twa Deenske prinsen Knoet IV en Olaf. Olaf waard finzen nommen en nei Robrecht stjoerd. Koart dêrnei op 10 july 1068 waard Knoet IV fermoarde en soe Olaf weromstjoerd wurde nei Denemarken, mar pas nei it beteljen fan in soad jild.

Robrecht de Fries hie plannen makke om op pylgrimstocht nei Palestina te gean. Hy der mei de earste krústocht hinne. It bestjoer fan it greefskip liet er oer oan syn soan, de lettere Robrecht II. Robrecht de Fries bleaun twa jier yn Jeruzalim. By syn weromreis makke hy kontakt mei de Byzantynske keizer Aleksius Comnenus, dy't hy militêr hold yn 'e striid tsjin de Turken.

Robrecht de Fries is ferneamd om syn binnenlânske herfoarmingen dy’t him yn staat stelden mei de stipe fan de stêden it greeflik gesach te fersterkjen. Dit wie neidielich foar de eallju en geastliken. Dit gong net fansels. Arnoldus de biskop fan Soissons en de lettere stifter fan de abdij yn Oudenburch, gie yn 1083 op reis troch it greefskip om de frede te herstellen tusken de greve en de eallju. Arnoldus ferstoar lykwols op 15 augustus 1087 yn Aldenburch by in twadde fredestocht.

Robrecht de Fries fierde it amt yn fan greeflike kânselier en befoardere de begjinnende hannel. Hy makke fan Brugge in Jeropeesk handelssintrum. Troch de begripen godsfrede en bestannen nei te libjen befoardere hy de frede mei de tichtby lizzende greefskippen.

Grêf en opfolging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Robrecht liet yn Kassel yn 1072 de Sint-Piterstsjerke bouwe op de Terrasse du Château (it platfoarm boppe-op de Kasselberch) om syn oerwinning fan 1071 op de Frânske kening te fieren. Robrecht waard yn 1093 yn in krypte ûnder de tsjerke begroeven. Yn 1787 bruts men de tsjerkeôf. By de Frânske revolúsje binne syn jiskerêsten opgroeven en yn de put smiten.

Robrecht is opfolge troch syn soan Robrecht II fan Jeruzalim. De soan dy’t al regeard hie doe't hy op krústocht wie nei Jeruzalim.