[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

R.L. Burnside

Ut Wikipedy
RL Burnside.

R.L. Burnside (23 novimber 1926 - 1 septimber 2005) wie in bluesmuzikant út de buert fan Holly Springs. Hy is berne yn Lafayette County yn de heuvels fan noard Mississippy dêr't er it grutste part fan syn libben wenne hat.

Burnside krige ynspiraasje om gitaar te spyljen nei't er de EP "Boogie Chillen" fan John Lee Hooker hearde. It spyljen sels learde hy foar it meastepart fan Fred McDowell, dy't by him yn de buert wenne. Ek syn oantroude neef Muddy Waters moat sjoen wurde as ien fan syn ynspirators. Allinne healwei de jierren 50 ferliet er foar in koarte perioade syn bertestreek. Hy hâlde doe ta yn Chicago.

Dat Burnside altyd yn de selde streek wenne hat, betsjut net dat er in rêchtich libben hân hat. Sels beweart er dat er foar in moard feroardiele is ta 6 moanne finzenis. Syn baas hat der, neffens oerlevering, foar soarge dat syn straf sa koart wie omdat er him nedich wie as trekkersjauffeur.

De earste opnamen fan Burnside datearje fan 1969 ûnder produksje fan George Mitchel en binne útbrocht op Mississippi Delta Blues Volume 2 fan Arhoolie Records. Nei noch in album mei akoestyske blues yn dat jier soe it oant 1984 duorje eart fan him in plaat útbrocht waard: Mississippi Hill Country Blues op Swingmaster. Ferskate singles folgen, útbrocht troch David Evens op Highwater Records.

Dêrnei kaam hy ûnder kontrakt by Fat Possum Records, oprjochte troch Living Blues-redakteur Peter Lee en Matthew Johnson om de âldere Mississippi bluesmannen lykas Burnside en syn freon Junior Kimbrough fêst te lizzen. Burnside is Fat Possum jierren trou bleaun.

Nei de dea fan Kimbrough stoppe Burnside mei it studiowurk; wol soe er oant 2001 regelmjittich op toernee gean. Nei't Burnside yn 2001 troffen waard troch in swiere hertoanfal, waard it drinken him troch de dokters ferbean, wêrtroch Burnside nei eigen sizzen, ûnmooglik mear spylje koe.

  • 1993 Bad Luck City
  • 1994 Too Bad Jim
  • 1994 Mississippi Delta Blues Vol. 2 - Blow My Blues Away
  • 1996 A Ass Pocket of Whiskey
  • 1997 Mr. Wizard
  • 1997 Acoustic Stories
  • 1997 Mississippi Blues
  • 1997 Sound Machine Groove
  • 1998 Rollin' Tumblin'
  • 1998 Come On In
  • 1999 My Black Name A-Ringin'
  • 2000 Wish I Were In Heaven Sitting Down
  • 2001 Hill Country Blues
  • 2001 Giants of Country Blues Guitar - Volume 2
  • 2001 Well Well Well
  • 2001 Burnside on Burnside
  • 2003 Going Down South
  • 2003 No Monkeys on This Train
  • 2003 First Recordings
  • 2003 Burnside's Darker Blues
  • 2004 A Bothered Mind