[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Printinge

Ut Wikipedy

In printinge, printing, oplaach of edysje (fan it Frânske édition, "útjefte") is yn 'e útjouwerij en de bibliografy in oantsjutting foar alle eksimplaren fan in beskate útjefte dy't yn ien kear printe binne. Dêrby giet it allinnich mar om selsstannige publikaasjes, d.w.s. boeken, en net om bygelyks in artikel yn in tydskrift of in gedicht yn in blomlêzing. Alle eksimplaren fan in printinge hawwe yn prinsipe persiis deselde tekst, typflaters en oare fouten ynbegrepen. As men letter noch in tal eksimplaren bydrukt sûnder de tekst oan te passen, hjit dat in werprintinge. As de tekst oanpast wurdt, bgl. om flaters derút te heljen of om in oar lettertype of in oare lettergrutte te brûken dy't it lêzen makliker makket, dan is der sprake fan in nije útjefte, dy't dan oantsjut wurdt as in werútjefte. Oer it algemien wurdt de earste printinge fan in boek beskôge as it meast prestizjeus en gesachhawwend op it mêd fan 'e tekst, mei't der yn lettere werprintingen flaters slûpe kinne soene. Tsjintwurdich is dat amper mear sa, en dit gebrûk giet dan ek werom op 'e perioade foarôfgeande oan it digitale tiidrek, doe't in nije útjouwer de hiele tekst fan in boek op 'e nij sette moast.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.