Pader (rivier)
Appearance
De Pader is in sydrivierke fan de Lippe yn Dútslân. Mei syn lingte fan goed 4 km is de Pader de koartste rivier fan Dútslân. De rin fan de rivier leit hielendal op it grûngebiet fan de stêd Paderborn. De rivier mûnet yn de Lippe út op 101 meter boppe seenivo, mar is dêr in stik breder as de Lippe sels.
De Pader ûntspringt yn it Paderboarnegebiet yn de binnenstêd fan Paderborn op 110 m. boppe seenivo. Dêr binne sa'n 200 lytse boarnen yn bemuorre boarnebekkens en 3.000 oant 9.000 liter wetter buorrelet de sekonde op sadat de boarnen by de sterkste fan it lân hearre.
-
Bylden yn it Paderboarnegebiet
-
De Pader by Slot Neuhaus
-
De Stümpelsche Mühle oan de Pader
-
Plak dêr't de Pader yn de Lippe útkomt
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pader fan Wikimedia Commons. |