Poppo fan Burmania
Poppo (Poppe) fan Burmania (Oostende, 2 augustus 1603 - 30 augustus 1676), mei de bynamme Poppe de Oostendenaar, wie in militêr yn it Steatske leger. Yn 1674 wie er luitenant-kolonel fan de liifwacht fan steedhâlder Hindrik Kasimir II.
Hy hie in nau kontakt mei de Oranjes en de Nassaus. Poppo benammen bekend fan syn deiboek Enege gedenckwerdege geschiedenissen, dêr't er de perioade 1622-1674 as militêr yn beskriuwt.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Poppo wie in soan fan jonker Johan en Barber fan Burmania. Hy waard berne ûnder it belis fan Oostende dêr't syn heit doe legere wie. Hy boaske yn 1637 yn Ljouwert mei Clara fan Andrée, dochter fan Joachim fan Andrée, dy't ried wie oan it hof fan de Fryske steedhâlder. It pear krige gjin bern.
Poppo fan Burmania wie 18 jier doe't er faandrich yn it Steatske leger waard. Hy promovearre yn 1637 ta kapitein en tenlêsten yn 1657 ta luitenant-kolonel. Poppo wie belutsen by de ferôveringen fan Oldenzaal yn 1626, Groenlo (1627), De Bosk (1629), Fenlo, Roermond en Maastricht yn 1632, Breda (1637), Sas van Gent (1644) en Hulst yn 1645. Hy die yn 1659 en 1660 mei oan de Noarske Oarloch (1655-1660). Hy wie tsjûge fan de feroaringen op militêr mêd yn de 17e iuw.
Poppo wie lid fan de Fryske famylje Fan Burmania dy't in soad ynfloed hie, mar hy bleau syn libbenlang militêr. Syn deiboek is fan belang fanwegen it begryp dat it jout fan it soldatelibben yn de Tachtichjierrige Oarloch.
Nijsgjirrich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn guon geskriften wurdt er oantsjut mei Bormania Oostenda.
- Poppo fan Burmania rûn mei yn de begraffenisstaasje fan Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|