Susteren
Susteren | ||
Sint-Amelbergabasilyk | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Limburch | |
gemeente | Echt-Susteren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 7.970 (2023) [1] | |
Oerflak | 18,71 km²; wêrfan: - lân: 18,56 - wetter: 0,16 km² | |
Befolkingsticht. | 429 ynw./km² | |
Stêdekloft | 30 | |
Oar | ||
Koördinaten | 51° 03' N 5° 51' E | |
Offisjele webside | ||
Gemeente Echt-Susteren | ||
Kaart | ||
Susteren (Limburchsk: Zöstere) is in stedsje yn 'e gemeente Echt-Susteren yn 'e Nederlânske provinsje Limburch.
Argeologyske fynsten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste argeologyske fynsten yn Susteren binne prehistoarysk. Sa hat bliken dien dat yn 'e wyk In de Mehre in delsetting út de Izertiid west hat. It soe bêst kinne dat noch earder der yn 'e Brûnstiid bewennings west hat. Ferskillende fynsten datearje út it Romeinske tiidrek. Yn 'e jierren 1950 is oan 'e noardlike kant fan de âlde kearn in Romeinsk grêffjild fûn. West fan Susteren is by Holtum in delsetting út de oergong fan 'e let-Romeinske nei de Iere Midsiuwen opgroeven. Ek by de opgravings fan 'e midsiuwske abdij yn 1991-1993 binne fynsten dien út 'e Izer- en Romeinske tiid. It wiene fral ierdewurkskerven, dy't yn in streamke bylâns de abdij fûn waarden.
Oan 'e noardlike kant fan 'e Sint-Amelbergabasilyk leine eartiids de gebouwen fan 'e abdij. Resten fan 'e houten gebouwen út 'e 8e-10 iuw, fundearrings fan 'e stiennen gebouwen (11e-19e iuw) wetterputten, stjonkdobben, ûnen en mear as hûndert grêven (8e-11e iuw) binne dêr fûn.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 2 maart 714 stifte Pepyn fan Herstal in abdij yn Susteren en droech foar dat doel in lângoed by it streamke Suestra oan 'e apostel Willibrord oer. Tocht wurdt dat it lângoed werom gie op in Romeinske filla, al is fan dy filla nea wat fan werom fûn.
Wat oerflak oanbelanget wie it âldste kleaster dêr besibbe oan 'e 7e- en 8e-iuwskse kleasters fan Noardumbrje (Jarrow, Monkwearmouth), dêr't Willibrord wei kaam. De patroanhillige fan 'e abdij, Salvator, wurdt ek troch in fan Willibrord stifte tsjerke yn Utert droegen. It kleaster waard ynearsten bewenne troch muontsen, mar sûnt de lette iuw troch nonnen. Yn 'e 13e iuw waard it in stift waard yn 'e 13e iuw in stift foar rike kanunnikessen.
Oan it kleaster kaam yn 'e Frânske tiid in ein. Fuort nei it sluten binne de kleastergebouwen ôfbrutsen. De hjoeddeiske, bot restaurearre basilyk giet op de romaanske abdijtsjerke werom. Yn 900 waard de Loataringske kening Swentibold dêr begroeven. Susteren hat iuwenlang in beafeartsplak west foar minsken mei pine oan 'e tosken en ienris yn 'e sân jier wurdt dêr in hillichdomsfeart organisearre.
Yn 1260 kaam Susteren yn it besit fan it Greefskip Gelre en yn 1276 krige it plak stedsrjochten fan Reinoud I fan Gelre. Yn 1385 hie Susteren wâlen mei grêften om 'e stêd. Tusken 1400 en 1794 hearde Susteren by it hartochdom Gulik. De wâlen waarden yn 'e 19e iuw sljochte en Susteren wreide doe mei lintbebouwing nei noardeastlike rjochting út.
20 iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1917 waard eastlik fan Susteren in grut spoaremplasemint oanlein foar it stienkoaltransport fan 'e doe krekt iepene minen, om de stienkoal nei it noarden te ferfieren. Nei it sluten fan 'e minen hat it emplasemint noch in skoft brûkt as opstelplak, mar yn 1989 waard it sletten en is it ferwidere. Wat bleau is it stasjon Susteren.
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Susteren bestiet út de wiken Heide, Feurth, 't Heuls, Oud-Susteren, Opkoye, de Driehoek, In de Mehre, Middelveld en Munsterveld. Dêrnjonken heart it buorskip Baakhoven by de stêd.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1995 | 1997 | 1999 | 2001 | 2003 | 2005 | 2007 | 2008 | 2011 | 2019 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
7040 | 7020 | 7010 | 7030 | 7000 | 7270 | 7410 | 7380 | 7420 | 8090 |
Gea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gea leit yn Susteren likernôch 30 meter boppe seenivo. Natoergebieten yn 'e omjouwing binne: IJzerenbos yn it easten, 't Hout yn it suden, it Taterbos yn it noarden en it Körbusch yn it súdwesten. Streamkes binne de Roode Beek, dy't fuort oan 'e súdlike kant fan Susteren yn noardwestlike rjochting rint en de Vloedgraaf, dy't wat súdlike deselde kant út rint. Noardeastlik fan Susteren streamt de Middelsgraaf.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Sint-Amelbergabasilyk (11e iuw);
- De Us-Leaffrouwe fan 'e Unbesmodske Untfinzenistsjerke;
- De Lourdeskapel óan 'e Elzenweg;
- Heide: de Marijekapel;
- Heide: de Lourdesgrot.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Susteren (ferzje 21 desimber 2023)
|