[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Strange Onions

Ut Wikipedy

Strange Onions is in fjouwermansband dy’t stevige eigentiidske gitaarrock spilet. De band spilet eigen nûmers. De faak iroanyske teksten geane foar it grutste part oer teloarsteljende foarfallen yn it libben en yn ‘e leafde.

Strange Onions is oprjochte yn 1994 as in hobbybandsje fan trije Drachtsters dy’t ienris yn ‘e fjirtjin dagen muzyk meitsje woenen. De groep spile hast allinnich mar covers en in stik as acht eigen nûmers. De helte fan dy nûmers hie Ingelske teksten, de oare helte wie Frysk.

Yn 1997 naam de groep yn de Sing-sing studio’s yn Mitselwier in cd mei fiif nûmers op. De titel fan de cd wie ‘Strange Onions’. De titel klinkt Ingelsk, mar is eins oerset Frysk. Dêrmei waard werjûn dat op dy cd sawol Fryske as Ingelske teksten songen waarden. De titel fan de cd waard dan ek de namme fan de band. Ut de namme sprekt ek in bepaalde selsrelativearring.

Yn 1999 waard de band útwreide mei in twadde gitarist en waard it eigen repertôre hieltyd grutter. Nei 2004 leit de groep him op it spyljen fan eigen repertoire ta. By harren earste optreden foar publyk waarden de Strange Onions yn 2004 útroppen ta winner fan Lytske Aaipop.

Strange Onions bestiet út de folgjende persoanen:

  • Sint Baron, drums;
  • Fokke van der Veen, gitaar;
  • Wilko Westerhof, bas en sang;
  • Folkert de Jong, slachgitaar en sang.
  • 1997 – Strange Onions
  • 2003 – Smelle Ie
  • 2005 – Altyd like fleurich
  • 2008 – Neat mear oan te dwaan

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]