Steenbergen (Noardenfjild)
Appearance
Steenbergen (Drintsk: Stienbargen) is in doarpke sawat 4 km ten súdwestlik fan Roan, yn de Noard-Drintske gemeente Noordenveld. Op 1 jannewaris 2008 wennen der 222 minsken.[1]
De namme fan it doarp is ôflaat fan it tichtby it doarp lizzende hunebêd (D1), dat op syn Drintsk steinbarge hjit. Dy namme is grif ferkeard begrepen as meartalsfoarm, sadat ek wol tocht wurdt dat de meardere hunebêden yn de buert lein hawwe moatte.
Troch it doarp rint de dyk fan Roan nei Ien. It leit tichtby it meast noardlike gedielte fan dit plak. Dat it der net ta rekkene wurdt hat dermei te krijen dat Een en Steenbergen eartiids ta twa ferskillende gemeenten hearden (Steenbergen by Roan, Een by Noarch). Boppedat hie Steenbergen in eigen marke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Noardenfjild | ||
---|---|---|
Doarpen: Roan • Altena • Feanhuzen • Ien • Langelo • Leutingewolde • Lieveren • Nietap • Nij-Roan • Noarch • Peest • Peize • Peizermade • Roaneries • Roanerwâlde • Steenbergen • Westervelde • Zuidvelde | ||
Buorskippen: Allardseach (foar in part) • Alteveer • Amerika • Boerlaan • Ien-West • De Streek • Foxwolde • Huis ter Heide • Klunderveen • Matsloot • Norgerfeart (foar in part) • Oostindië (foar in part) • Peizerwold • De Pol • Sandebuur • Terheijl | ||
· · |