Stedsskouboarch De Harmony
Stedsskouboarch De Harmony is de grutste skouboarch en konsertseal fan Fryslân. It gebou stiet oan it Ruterskertier yn Ljouwert.
It gebou hat trije teätersealen: de AEGON-seal (1000 gasten), de Friesland Bank-seal mei 450 sit- of 1000 steanplakken en De Friesland Zorgverzekeraar-seal (300 stuollen). Yn dy lêste kin ek kongressen en gearkomsten hâlden wurde. De Harmonie hat noch trije lytsere NIVO Noord-sealen foar gearkomsten en presintaasjes. En dan binne der noch twa grutte foyers en in filmhûs dêr't it Sintrum foar Film yn Fryslân yn sit. De Harmonie is lid fan de Feriening fan Skouboarch- en Konsertgeboudireksjes (VSCD). Yn 2010 lutsen de goed 650 kulturele en kommersjele aktiviteiten mear as 250.000 besikers.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Soasjeteit De Harmony waard boud 1881 op inisjatyf fan de Feriening De Harmonie, oprjochte yn 1874. Hjir waarden poadiumkeunsten en oare eveneminten organisearre: tentoanstellings, feilings, beurzen, gymnastykoefeningen, feesten, sirkussen en letter ek filmfoarstellings en popkonserten. Sadwaande kamen net allinnich de leden mar ek in soad oaren in it gebou.
Yn 1937 waard de grutte seal fergrutte, yn 1957 kaam der ûnder oare in bettere toanielakkomodaasje en waard der in lytse seal by: it ‘Theater oan it wetter’. Der moasten doe wol konsesjes oan de sfear dien wurde en kaam der minder drokte. Yn 1975 waard it oantal sitplakken werombrocht nei 900. Yn de njoggentiger jierren waard De Harmony yngreven feroare en fernijd, by de iepening yn 1995 troch keninginne Beatrix hie it gebou in folle teätraler oansjen. By it tsjienjierrich bestean fan de nije Harmony waard in nij logo ynfierd.
Yn 2018 en 2019 waard Stedsskouboarch De Harmony útroppen ta it meast gastfrije teäter fan Nederlân.
-
De Harmony, 1913
-
De Harmony ± 1920
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |