[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Stalag XII D

Ut Wikipedy

Stalag XII D wie in kriichsfinzenekamp fan de Wehrmacht yn de Twadde Wrâldoarloch. It kamp lei op de Petrisberch eastlik fan Trier op it terrein fan de Kemmelkazerne, dy 't yn 1936 boud waard en yntusken opheft is. Yn 'e rin fan 'e tiid binne de gebouwen fan 'e kazerne ôfbrutsen of yn wentes ferboud.[1]

Organisatoarysk hearde Stalag XII D ta it militêre distrikt XII, fêstige yn Wiesbaden. Stalag is in ôfkoarting fan it Dútske wurdt Stammlager (haadkamp) en de letter D efter de Romeinske sifers betsjutte dat it it fjirde haadkamp fan dat militêre distrikt wie. [2]

It terrein, ôffrede mei stikeltried, hie twa sônes. Yn de earste waarden fan juny 1940 ôf Frânske, Belgyske en Nederlânske finzenen ynternearre as gefolch fan de westerske kampanje. Nei de Dútske ynvaazje fan de Sovjet Uny yn de simmer fan 1941 kamen der Sovjet kriichsfinzenen by, wêrnei 't in elektrysk stek set waard om it kamp op te dielen. Wylst de situaasje yn it Frânske part "noflik" wie, omdat de soldaten itenspakketten krigen fan harren famyljeleden, hearske der ûnderfieding en sykte yn it Russyske kamp, foar in part as gefolch fan oerbefolking. By de evakuaasje yn de hjerst fan 1944 waard it kamp earst nei Waldbreitbach ferpleatst en dêrnei yn novimber 1944 nei Dierdorf.
Ynearsten wiene de grutste groepen Frânsen, folge troch Joegoslaven, Russen, Poalen en Belgen. Sûnt 1943 kamen der Italianen, Britten en Amerikanen by. Yn jannewaris 1941 waarden inkelde hûnderten Spaanske Republikeinen deportearre út Stalag XII D wei foar twangarbeid. Se kamen op 25 jannewaris 1941 oan yn it konsintraasjekamp Mauthausen. Dêrwei waarden se ofwol nei it konsintraasjekamp Gusen stjoerd of fergast yn it Eutanasysintrum Hartheim.[3] Op 15 july 1944 bestie it kamp út 16.044 manlju, op 15 jannewaris 1945 út 16.000 manlju, dêrfan 1.600 yn Dierdorf.

De ferneamdste finzene wie de Frânske filosoof en skriuwer Jean-Paul Sartre, dy 't dêr sûnt augustus 1940 ynternearre wie. Hy skreau it mysteryspul Bariona ou le Fils du tonnerre ('Bariona of de Soan fan 'e Tonger') yn Stalag XII D, dat opfierd waard op it krystfeest fan de finzenen yn 1940. Sartre besocht syn meifinzenen te bemoedigjen om fol te hâlden. Direkte krityk op de Dútsers wie absolút ferbean. Sartre brûkte dêrom in nije ferzje fan it Kristusferhaal om sjen te litten hoe 't de finzenen mei harren eigen lijen omgean koene. Yn maart 1941 waard Sartre frijlitten troch de stipe fan de Frânske geastlike en kampâldste Marius Perrin en gie er nei Parys. [4] In oare bekende kriichsfinzene wie Pierre Boileau, dy 't fan 1951 ôf tegearre mei Thomas Narcejac misdieromans skreau. [5]

  • Adolf Welter: Trier-Petrisberg 1940–1945, Das Kriegsgefangenenlager Stalag XII D. Petermännchen-Verlag der Trierer Münzfreunde, Trier 2007, ISBN 978-3-923575-26-8.
  • Marius Perrin (1911–1984): Avec Sartre au stalag 12 D. Online-Teilansicht
    • Deutsche Fassung: Andrea Springler: Mit Sartre im deutschen Kriegsgefangenenlager. – Mathieus Tagebuch. Ein Fragment. Bariona oder Der Sohn des Donners. Ein Weihnachtsspiel. Marius Perrin, Jean-Paul Sartre. Rowohlt, 1983, ISBN 3-499-15267-3.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Krijgsgevangen.nl, oproppen 13 maaie 2024
  2. Vitoronzo Pastore: La seconda Guerra Mondiale.
  3. Stiftung zum Gedenken an die Deportation: Ankunft von Insassen von September 1940 bis Januar 1941 (frânsk)
  4. Soldaten hinter Stacheldraht Rathauszeitung Trier, 13 maart 2007
  5. STALAG XII D Sartre au Pétrisberg