[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

St David's

Ut Wikipedy
St David's
Tyddewiis
Katedraal fan St David's
Katedraal fan St David's
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Lân Wales
Bestjoerlik gebiet Pembrokeshire
Sifers
Ynwennertal 1.841 (2011)
Oerflak 46 km²
Oar
Tiidsône UTC+0
Simmertiid UTC-1

St David's (Welsk: Tyddewiis) is mei 1.841 ynwenners (2011) de lytste stêd fan Grut-Brittanje. De stêd leit oan de rivier de Alun op it skiereilân Saint David yn Pembrokeshire, Wales. De stêd leit yn it Pembrokeshire Coast National Park.

De skiednis fan de stêd giet werom op de stifting fan in kleaster yn 550 yn in doedestiidske úthoeke fan it lân troch de letter hillich ferklearre David fan Menevia. Nei de dea fan David waard it plak in wichtich pylgerplak en yn de 12e iuw waard nei de Normandyske oermastering útein set mei de bou fan de grutte katedraal, dy't noch jimmeroan troch in soad minsken wurdt besocht. Yn de midsiuwen stie in twadde beafeart nei it grêf fan Sint-David lyk oan ien beafeart nei Rome.

Tsjintwurdich foarmet it toerisme in wichtige boarne fan ynkommen. Der binne ferskate keunstsaken yn de stêd en St David's is populêr by wettersportleafhawwers.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Katedraal mei resten fan de muorren om it gebiet hinne
  • Biskoplik paleis (1280-1350)
  • In 14e-iuwske poarte
  • It 14e-iuwske keltyske stedskrús op it Market Square

Deunby leit de midsiuwske Kapel fan Sint-Non (Chapel of St. Non). Op Ramsey Island, in pear kilometer westlik fan St David's, lizze de ruïnes fan in âlde abdij. Op St David's Head binne resten fan prehistoaryske delsettings te finen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]