[go: up one dir, main page]

Springe nei ynhâld

Spandaufinzenis

Ut Wikipedy
De Spandaufinzenis yn 1951
Wachttoer Wilhelmstraße

De Spandaufinzenis wie in finzenis yn Berlyn-Spandau oan de Wilhelmstraße. De bou duorre fan 1876 oant 1879.

Oarspronklik wie it gebou in militêre finzenis. Fan 1919 ôf waarden dêr ek boargers fêstholden.

De finzenis foel nei de Twadde Wrâldoarloch ûnder it bestjoer fan de fjouwer besettingsmachten (de Feriene Steaten, Frankryk, Grut-Brittanje en de Sovjet-Uny). Elke moanne fan it jier hie in oare besettingsmacht sizzenskip oer de finzenis.

Totaal waarden der sân Dútske oarlochsmisdiedigers, feroardield by de Prosessen fan Neurenberch, opsletten. Op 18 july 1947 waarden se nei Spandau oerbrocht.
De finzenen waarden net by harren namme neamd, mar mei harren nûmer. Baldur von Schirach wie nûmer 1, Albert Speer nûmer 5 en Rudolf Hess nûmer 7. De regels yn de Spandaufinzenis wie folle stranger as yn oare Dútske finzenissen, foaral yn de earste jierren.

Namme feroardeling ein finzenskip reden
Konstantin von Neurath 15 jier 6 novimber 1954 sûnens
Erich Raeder libbenslang 26 septimber 1955 sûnens
Karl Dönitz 10 jier 1 oktober 1956 straf útsitten
Walther Funk libbenslang 16 maaie 1957 sûnens
Baldur von Schirach 20 jier 1 oktober 1966 straf útsitten
Albert Speer 20 jier 1 oktober 1966 straf útsitten
Rudolf Hess libbenslang 17 augustus 1987 selsmoard

Sloop nei de dea fan Hess

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It shopping complex fan it eardere Britannia Center Spandau

Nei de dea fan Hess yn 1987 waard it gebou sloopt, om foar te kommen dat it in pylgersoarde foar neonazy's wurde soe. Om seker te wêzen fan folsleine ferneatiging waard fierwei it measte pún ferpulvere en yn de Noardsee smiten. Op it plak fan de finzenis waard in winkelsintrum foar Britske militêren set, it Britannia Center Spandau, dat nei it fuortgean fan de Britske troepen yn 1994 omboud waard ta in gewoan winkelsintrum.